Weppers tongersdei 24-11

SDS-FIFA 2017-toernoai
23 november 2016
SDS-League: ‘Marije & Eeltje’ pakke de wykpriis!
24 november 2016

keepersdei-2016-poster-1Keepersdei op 22 april

Jim koenen yn de Treffer al lêze dat der op sneon 22 april by SDS in keepersdei organiseare wurd. It dielnimmersformulier is klear en jim kinne jim no hjir opjaan.

‘Toppers’

Sneon binne it allegear ’toppers’. SDS 2 kin om 14.30 oere thús tsjin Nijland 2 de Perioadetitel pakke, SDS 1 mei út fuotbalje tsjin nûmer 2 Workum 1 en ST. SDS/Scharnegoutum JO-19-1 giet sneon op syk nei de earste punten tsjin de ‘konkurrint’ LSC 1890 JO19-1 om 15.00 oere.

Kantine

Jûn is de kantine fansels wer iepen. It is wer Europa-League-jûn mei Ajax – Panathinaikos en Manchester United -Feyenoord op it grutte skerm. Christiaan Hoekstra sil ûnderwilens eltsenien foarsjen fan in hapke en in snapke.

SDS-League

Jûn wer in nije stân fan de SDS-League om 20.32 oere hjir op de webside en om 20.23 oere yn de kantine. Soe ‘Torpedo Toering’ noch boppe-oan stean? Wa pakt de wykpriis?

SDS-FIFA-2017-toernoai

Hasto dy al oanmelden foar it SDS-FIFA-2017-toernoai op freed 9 desimber yn de kantine?
Lês der hjir alles oer!

SDS-Look-a-likes

Wy hawwe alwer in alderaardichste SDS-look-a-like binnenkrigen foar de Krysttreffer. Witte jim ek in SDS’er dy ’t liket op in bekende Nederlander, fuotballer, sprútsje of Doutzen Kroes of sa mail it dan nei DeTreffer@vv-sds.nl!

Harsens derby (1796)

Dit is fansels net de bedoeling……….