Weppers tongersdei 23-9

Weppers woansdei 22-9
21 september 2010
SDS League: Appie pakt wykpriis!
23 september 2010

It liket goed
Foar SDS 5 liket it in goed wykein te wurden. Der is nammentlik in hiele grutte kâns dat it fuotbal sneon trochgiet. Der is noch krekt net in trochgeangarânsje ôfjûn troch de lieder fan Aldehaske 5, mar dat skeelde net folle.
Der is gjin doarpsfeest, der binne net te folle blessueres, der binne gjin skoanmemmen jierdei, de bern hawwe allegear goed ûnderdak, de baarch hinget noch yn de beam en it fjild is keunstgers droech. Om 14.30 kin de twadde wedstriid fan SDS 5 fan dit seizoen al wer plakfine. Hoera.

F1

Foar de boys fan F1 wie it moandei in spesjale dei. Want sij krigen net training fan in samar ien. Nee, Fritz Korbach, de eardere trainer fan hast alle betelle fuotbalklups, wie yn Easterein en hij joech de training. Net allinne foar de bern hiel spesjaal mar ek foar Korbach sels. Want pakesizzer Stan is ien fan de spilers fan F1. Wij tinke dat F1 sneon wint!


En nei de training fansels efkes op de foto.

Klaverjasse
Jûn om 8 oere klaverjassen yn de kantine. De aktiviteitenkommisje noeget elkenien fan herte út.

Tige tank
Dat it sportyf sjoen mei Dick Schuurman goed giet, kinne je sjen oan de posysje fan Heerenveen yn de 4de klaase A fan it sneinsfuotbal. Dat it him prive ek goed giet is te sjen oan
dit kaartsje. Dick en Wilma hiene al hiel wat lokwinsken krigen fan SDS-ers en dêrfoar bringe sij harren tank oer.  

Harsens derby(299)
In eigen goal is altiten aardich om te sjen: