Weppers tongersdei 23-10

Moandei nei it gemeentehûs!
22 oktober 2014
SDS League: "Alles kin" pakt de wykpriis!
23 oktober 2014

SDS 1 – Delfstrahuizen 1
Kommende sneon spilet SDS 1 om 14.30 thús tsjin Delfstrahuizen 1.
Foarich seizoen hawwe SDS 1 en Delfstrahuizen 1 foar it earst yn jierren wer ris byinoar yn de kompetysje sitten. SDS ferlear út mei 2-1 en thús mei 0-2. Hooplik giet dit no oars.

Seal: SDS 1 wint

Justerjun hat sds seal 1 mei 7-5 wun fan SWZ Boso Sneek 4.

Ruststan wie 4-1,nei rust wat rustig begun en sa wie it sa mar 4-4.

Dernei pakten se it wer op en rûnen ut nei 7-4.

De tsjinstander die der fan alles oan mar koe nog mar ien kear skoare. Sa wie de einstan 7-5

Hjirmei klimme se in oantal plakjes yn de stand.
Klaas

Programma SDS-senioaren 2014-2015
Hjir kinne jim yn ien eagopslach sjen wannear’t alle SDS-senioareteams fuotbalje moatte.

Derby
By VV Nijland binne se al drok dwaande om de seleksje op peil te krijen foar de derby tusken Nijland 1 en SDS 1 op sneon 21 febrewaris. “Good-old” Wieger Boonstra is al wiken oan it trainen en op ‘e nij lid wurden sadat hy him no al folledich rjochtsje kin op dé derby. 

Dooitze is der net!
Dooitze Nauta is der jûn net te striken. Wim vam Brink nimt it fan him oer.

Tas te plak!
Steven van der Pol syn tas is ek alwer te plak:
Ik heb zaterdagmiddag laat een voetbaltas gevonden op het park. Er zitten SDS sokken in.
Mvg,
Tjep Keuken

Emigrere?
Wy tinke dat Nico Dijkshoorn ynkoarten nei Fryslân emigreard. Fan ’t simmer hie hy it al o sa best nei syn sin op it Greidhoek’ Festival en no glide hy snein ek noch fan de bank ôf by SC Heerenveen – SC Cambuur. As der daliks nije spulrigels by it keatsen komme is hy hielendal ferkocht………..(klik
hjir)(no docht de link it wol).

John van Zweden

Op freed 17 april 2015 komt John van Zweden nei it Dielshûs yn Wommels foar in presentaasje. John van Zweden komt út Den Haag, is “behangkening” en is ien fan de bazen fan Swansea City.
Jûn komt Maarten van Rossem yn it Dielshûs. Dy sil allinnich wol net witte wa ’t John van Zweden is…..


Harsens derby(1359)
It liket wol of binne der allinnich mar Argentijnen dy’t dit kinne: