SDS League: "Alles kin" pakt de wykpriis!

Weppers tongersdei 23-10
22 oktober 2014
Seleksjes sneon 25-10
24 oktober 2014

Steffen Bruinsma pakt dizze wike mei “Alles kin” de wykpriis yn de SDS League. In moaier jierdeikadootsje nei syn jierdei op 16 oktober koe hy net krije fansels!


“Alles kin? Dêr is dyn kin………..”

Ek Durk Okkema wie op 16 oktober jierdei, mar dat levert him net mear op mei “FC DWopke” as in dield 32e plakje mei û.o. Steffen Bruinsma.

It mei dúdlik wêze Martijn, Igor en Steffen harren teams tagelyk makke hawwe. Sy steane allegear op it 32e plak.

Koprinner “Algemeen Fons” fan Sjoerd van Beem docht goeie saken. Hy pakt mar leafst 8 punten mear as Jaap “Torpedo Toering” en slacht dêrmei in gatsje fan 11 punten op dizze nûmer 2.

“GVR” fan Feiko Broersma skarrelt rêstich oan nei boppe. Dizze wike pikt hy it plakje fan Dooitze Nauta mei “Op Skobberdebonk” yn. Dat kin sneon wolris in hiele wiete spûns yn de nekke wurde….

By “VV BAK” is it lek noch net boppe. As it sa troch giet koe dit wolris útrinne op in poedelpriis foar Boudewijn & Almar Kramer. Wy binne hiel benijd wat foar tattoo Boudewijn hjir foar sette litte kin. Dat sil wol in hiele lytse poedel wurde…….



Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 4.