Weppers tongersdei 23-1

Grinsweppers
22 januari 2014
Weppers freed 24-1
24 januari 2014

Gjin trainen
Ik ha krekt oerlis mei Jaap hân, der kin jûn net traind wurden, dus de A1, A2 en de A selectie traine net.
groet,
Boudewijn.

SDS-sealtoernoai op 25 jannewaris
Kommende sneon 25 jannewaris is der wer it jierlijkse SDS-sealtoernoai foar senioaren, sealfuotballers en A-junioaren. It toernoai begjint om 19.00 oere yn sporthal de Greidhoeke yn Easterein. Jim kinne jim
hjir opjaan. De list is wer bywurke en sûnder blessures en lju dy ’t twa kear meidwaan wolle steane der no 24 op “papier”.
Der kinne noch wol wat by wat ús oanbelanget.


Wa dogge der mei oan it SDS-sealtoernoai?
Oan ’t no ta hawwe wy:
SDS 1: 2 man
SDS 2: 5 man
SDS 3: 4 man
SDS 4: 1 man
SDS 5: 1 man
SDS 1 seal: 1 man
SDS A1: 4 man
Âld-SDS: 6 man
Wat sille wy hjir fierder oer sizze?

Sealtrainen jeugd
De jeugd fan SDS traint net allinnich yn Snits op keunstgêrs, mar ek geregeld yn de seal. Sa sille fannemiddei de Mini-F’kes yn de seal los û.l.f. Christiaan Plantinga. Sjoch
hjir foar it hiele skema. 

Sealtraine SDS 2 en 3
Jûn traine SDS 2 en 3 wer yn de seal fan 21.00-22.00. Allegear efkes in eurootsje meinimme.

SDS League
Noch ien wike en dan kinne jim wer meidwaan oan de SDS League. De transfermerke slút op sneon 1 febrewaris. As it goed giet dan kinne jim de nije spilerslist hjir dan op moandei 3 febrewaris fine. Jim moatte jim team dan ynleverje foar sneon 15 febrewaris 18.30.

Rjochtsback

Dy iene wepmaster, dy’t yn 1971 al 17 wie wol hjir in jeugdsûnde opbiechte. Op 10 oktober 1971 wie hij taskôger bij de wedstriid Ajax-NEC yn de Meer. It programma en de opstelling hat er fansels noch en at je de nammen no sjogge fan de tsjinstanner fan NEC dan wiene dat net mislike nammen. Syn fraach is no wa stie der op rjochtsback? Mail nei dit adres

SC Cambuur – SC Heerenveen
Guon SDS’ers sille snein fêst nei Ljouwert gean om dêr nei dé derby fan it noorden te sjen. De rest kin as it moat yn de Jimbar terjochte. Fanôf 12.30 kin dêr SC Cambuur – SC Heerenveen besjoen wurde op it grutte skerm.

Harsens derby(1196)
No al de moaiste eigen goal fan 2014: