Weppers freed 24-1

Weppers tongersdei 23-1
22 januari 2014
Programma sneon 25-1
25 januari 2014

SDS-sealtoernoai op 25 jannewaris
Kommende sneon 25 jannewaris is der wer it jierlijkse SDS-sealtoernoai foar senioaren, sealfuotballers en A-junioaren. It toernoai begjint om 19.00 oere yn sporthal de Greidhoeke yn Easterein. Jim kinne jim
hjir opjaan. D
Ynmiddels binne der 29 oanmeldingen. Der kinne noch wol wat by wat ús oanbelanget. Jou je sa gau mooglik op.
It kin noch oan ’t sneon 13.00!


SDS 1 – TOP’63 1
Yn ‘e boks: 13.00
Spylje: 14.30
Seleksje: Skelte, Ewout, Kristian, Wytze, Tjipke, Jelmer, Mark, Marco, Dirk Yde, Jacob, Harm, Sjoerd de V, Jaap, Anne, Ayanle
Flagger: Sjoerd

Scharnegoutum ’70 1 – SDS 2
Fertrek: 13.30
Spylje: 14.30
Seleksje: Sjoerd v. B., Bauke, Feite, Jort, Bote, Jesse, Gerrit, Hendrik, Sjoerd R., Hendrik E., Ralph, Andries, Ruurd en Pieter de Vries.

Keunstgêrs?
Soe de Skoalleseize dan dochs jild fan de gemeente Littenseradiel krije foar in keunstgêrsfjild?(klik hjir)

Rjochtsbek
De fraach oer de opstelling fan Ajax 1971 levere tal fan reaksjes op.
Willem Wijnia: Dy rjochtsefter is fansels Willem Suurbier!
Jan de Jong: Willem Suurbier haalde als bek heel vaak de achterlijn
Appie Posthumus: Ja, normaliter stie der altyd Wim Suurbier, mar no tink ik oan “Paco” Sjaak Swart. Swakie spile destiids wol vaker op dy posysje en skoarde ek noch wolris. Of miskien Ruud Suurendonck?
Remco Bervoets: Dat moat dochs Suurbier weze.
Tjerk van der Pol: Ik tink Wim Suurbier.
Sipke Hiemstra: Ik gean foar suurbier,
Lolke Hofstra: miskien wie it wol suurbier?
Boudewijn Kramer: Heinz Schilcher
Anne Stenekes: Heinz Schilcher
En doe kaam Skelte Anema mei in reaksje. Hij hie alles ôfsneupt om de opstelling fan dy wedstriid yn byld te krijen.
Skelte: No ha ik hjir en dêr efkes oan it sykjen west op ynternet en neffens ferksate bronnen kloppet de opstelling dy’t op it bledsje stiet net hielendal. Der stiet op it bledsje ek ‘wijzigingen voorbehouden’. Ik tink dat hjir
de goede opstelling stiet (of de opstelden).
Dêr stiet dus in oare opstelling en ek yn de kranten fan doe kom ik wat oare ferhalen tsjin, want Neeskens die net mei. Haan siet op ‘e bank.
No tink ik dat op it plak rjochtsefter Heinz Schilcher stie. Hy spile trouwens in beroerde wedstriid neffens Bep van Houdt fan ‘het vrije volk’ ;
“En Heinz Schilcher maakte er achter zo’n potje van, dat hij NECs Visser dankbaar mocht zijn dat die zo weinig mee optrok om het gat op links op te vullen. Anders zou Kovacs hem vast veel eerder hebben geruild dan in de rust, naar de Roemeen zei, wegens een ‘blessure’.”
Ow, en yn de Ljouwerter Krante stiet noch dat NEC de wedstriid eins ûnder protest fuotballe hat. Der wie op it lêste stuit noch in skiedsrjochterswiksel.
Yn de eufory dat hij mei Heinz Schilcher it goeie antwurd fûn hie, fergeat Skelte troch te lêzen want yn dat stikje fan it Vrije Volk stie dit.

Konkluuzje: It prachtige speurwurk fan Skelte jout oan dat it programmaboekje net altyd de wierheid hoecht te wêze, jout ek oan dat der op ynternet alles is te finen ek al wie der doe gjin ynternet, dat Sjaak Swart it goeie antwurd wie en dat Appie Posthumus foarloapich útroppen wurdt ta de kenner fan Ajax.

Harsens derby(1197)
Dat is lekker begjinne sa nei de winterstop: