Grinsweppers

Weppers tiisdei 21-1
21 januari 2014
Weppers tongersdei 23-1
22 januari 2014

Grinsrjochterynstruksjejûn
Grensrechtersvlag
Op freedtejûn 24 Jannewaris, sil der yn de kantine in instruksje jûn foar ‘de grinsrjochter’ wurde hâlden. Dit is foar alle leden, vrijwillegers, spilers, lieders, trainers, âlders, bestjoersleden, en oare belangstellenden dy wol ris foar SDS in flagge yn de hân hâlde of gean hâlden.
It begjin is om 20.00 oere. It sil likernôch in oere duorren. Der sil oan de hân fan foarbylden wurde útlein wat de taak fan in grinsrjochter is en ek de útlis fan de butenspul rigels. Tidens de instruksje is der tiid om fragen te stellen dy’t der mochten weze ta oansjen fan ‘alle’ spulrigels.
Nei de instruksje en fragen kinne wy wat versnapperingen keapje oan de bar.
Mochten jimme bepaalde oare ûnderwerpen besprutsen wolle hawwe dizze jûn, dan is dat mooglik, mar sjit dan Auke Eringa, Friso Albada en Douwe Reitsma efkes fan te foaren oan.
Hooplik oant sjen op 24 Jannewaris!

Grinsrjochterynstruksjejûn: les 1
It earste wat freed op de grinsrjochterynstruksjejûn dúdlik makke wurdt is fansels dat it tsjintwurdich net in grinsrjochter is dy ’t oan de line stiet, mar in assistint-skiedsrjochter.

Grinsgefal
Dit kin freed ek wol efkes besprutsen wurde op de grinsrjochterynstruksjejûn. 

Nei it WK as grinsrjochter
As grinsrjochter kinne je it noch aardich fier skoppe. Sa sil Erwin Zeinstra út Dronryp fan ’t simmer as grinsrjochetr nei it WK yn Brazilië. Nei Jan Dolstra, op it EK fan 1992 en 1996 en it WK fan 1994, en Adriaan Inia, op it EK fan 2008, is hy de tredde Fries dy ’t it as grinsrjochter sa fier skopt.

Assistint-skiedsrjochtster
Yn it Nederlanske fuotbal sjogge wy noch net folle froulju as grinsrjochter. In soad manlju soenen dit dochs wol graach sjen.

Bewiis
Dit is it bewiis dat sels sommige fuotbalkommentators op de tillevysje net goed op ‘e hichte binne fan de bûtenspulrigel.

Diskusje
It is miskien wol aardich om freed efkes te diskusjeren oer de yngoai by de D-pupillen. Moat de grinsrjochter dan flagje by in ferkearde yngoai of is it in taak foar de skiedsrjochter om hjir goed op te letten? Of is it in idee om hjir hielendal net foar te flagjen of te fluitsjen útsein as in spiler de bal yn ien kear yn de goal smyt. Yn de eigen wolteferstean……..(klik
hjir).

Harsens derby(1195)
De grinsrjochterynstruksjejûn is fansels net allinnich foar grinsrjochters, mar fansels ek foar supporters:



Letter miskien mear!