Weppers tongersdei 22-9

Weppers woansdei 21-9
20 september 2011
Weppers freed 23-9
22 september 2011

Beker
Wy krije fan Jaap Toering troch dat SDS 1 yn de folgende bekerronde op sneon 22 oktober it opnimme moat tsjin………….. Harkemase Boys 1. Spitich genôch is moatte de Boys thús.
Sjoch
hjir foar de hiele bekerlotting.

Gjin train foar D3
Jûn is der foar de D3 gjin trainen. Pieter is ferhindere en Hans moat fluitsje bij MC1 – D2.
Hans


Striker
Wy melde noch efkes dat Dooitze Nauta der jûn net is. ….mar Hendrika den Breejen wol. De spilers dy’t gebrûk meitsje wolle fan har tsjinsten kinne har belje. Har nr 0623016007, foar it meitsjen fan âfspraken jûn foarâfgeande de training.

Nije websidesponser
Sûnt juster hawwe wy der wer in nije websidesponser by. Wy binne der tige wiis mei dat Rabobank Sneek-ZuidwestFriesland ús webside sponserje wolle.


Teamfoto SDS A1
Hendrik de Jong hat de wyn der aardich ûnder by A1. Hy soarget net allinnich foar punten, mar ek foar de foto’s. Hjir de teamfoto en letter hjir op de webside de foto’s fan alle spilers:


Teamfoto SDS D2
Sytske van der Horst hat ús ek al aardich wat foto’s maild fan D2. Hjir de alvetalfoto:
 

Oan-/ôfmelde
It blêd “oan-/ôfmelde” op dizze webside is oanpast op dizze webside. Sjoch
hjir mar ris.

Lestich
It liket ús wat lestich sa as dat jonkje fuotballet mei dat bakje kofje yn de hannen of…………….
Wiens hand is dit?

SDS League
Jûn yn de kantine wurdt de nijste stân fan de SDS League bekend makke.

Harsens derby (569)
Foar wa it ferline wike mist hat noch efkes de alderaardichste bal fan Assaidi ferline wike tsjin FC Groningen. Spitich genôch wie der al fluite.