Weppers freed 23-12

Weppers tongersdei 22-12
22 december 2016
Krystweppers
25 december 2016

Efkes Balje

It kin noch krekt in kear foar de krystdagen: Efkes Balje. Om 19.30 oere giet it los.

SDS JO 15-1 oefene tjsin JO 15-2

In pear wike lyn stie dit potsje al op it programma, mar wurde doe oflast om it te wyte B-fjild. Mar dizze wedstriid soe en moast dit jier noch spyle wurde. Omdat der hast net mear traint wurd, koe dit moai op tiisdei op it kuenstfjild. JO15-2 hie fersterking fan Mark “koekie” Klijnsma en Dirk Breeuwsma ut de       JO-17. Ek Almer spyle mei JO15-2 mei, omdat dit mei de oantallen better ut kaam. JO15-2 die it goed en wurde in pear kear gefaarlik. Mar geandewei wurde wol dudlik dat JO15-1 krekt wat sterker is. It soe ek net best weze at it oars wie. Hjirunder it skoareferrin :

0-1 Tjitse 0-2 Stan 0-3 Merijn 0-4 Merijn 0-5 Wiltsje 0-6 Wiltsje 0-7 Douwe Jan 0-8 Tjitse 0-9 Wiltsje 0-10 Wiltsje 0-11 Merijn 0-12 Merijn 0-13 Stan

Opfallend wie de makkelik skoarende Merijn, mar noch opfallender wie Wiltsje. Gewoanwei stiet hy efteryn en komt net sa faak by de goal fan de tsjinstander. No stie hy in skofke yn e spits en wist mar leafst 4x te skoaren. Speciale tank oan de skiedsrjochter, Auke Eringa en grinsrjochters Herman vd Weg en Michiel Zuidema. Op dizze kalde jun stiene se der dochs mar wer !!!

Theo

Krystsealtoernoai yn Frjentsjer

2e-Krystdei is yn Frjentsjer wer it krystsealtoernoai. De foarrondes wienen ôfrûne sneon en 2e-krystdei binne de rest fan de foarrondes en de finales. It begjint 2e-krystdei om 10.00 oere. SDS spilet de earste wedstryd om 10.45 en de lêste foarrondewedstryd om 13.45. Hjirnei binne de finales. Foar SDS dogge mei; Jaap, Feite, Jacob-Klaas, Sicco, Pieter, Jehannes en Willem. By Coop-Tolsma fuotballet Jelte-Pieter, by Futsal Scharringa Bote en Wietse Fopma en by Boubedriuw Kooistra Wytze Lanting. Sjoch hjir foar it hiele programma.

Alde doaze

Wij hoopje dat SDS 1 dit jier better út de wintersliep komt as yn 1988.  Helaas is it artikel út it FD wat ûndúdlik, mar de tekst is in warskôging.

It fjild fan no is yn alle gefallen in grut ferskilmei doe. Foarsitter Tjeerd Dijkstra hjitte de Anjummers yn it programmaboekje wolkom op it ierappelfjild fan Easterein. No soe der ein jannewaris 2017 stean kinne: “Oudehaske fan herte wolkom op ien fan de moaiste keunstgersfjilden yn Fryslân…….. en patat is yn de kantine te krijen”.

Harsens derby (1811)

Knappe assist………