Weppers tongersdei 21-3

Ferslach ONT 1 – SDS 1
20 maart 2013
Weppers freed 22-3
21 maart 2013

Kantine iepen
Der wie sneon wat ûngenoegen oer it feit dat de kantine net iepen wie, wylst der wol útwedstriden wiene. Wij seagen yndie al in twiit foarbijkommen fanút Sint Jut dat de mannen fan SDS 5 harren noflik deljûn hiene oan de bar.
Feike Jorritsma lit no witte dat it sneon net allegear goed gien is:
Ofrune sneon stiene der fuotballers foar in tichte SDS kantine.
Dit hie net moatten.
As der noch fuotballers fan in utwedstriid werom komme kinne, heart de kantine iepen te wêzen.
Dit wie en is fanôf no ek wer de rigel.
Feike Jorritsma
Foarsitter Skoalleseize

Seal: SDS 1 wint op ‘e nij!
SDS 1 hat juster mei 3-0 wûn yn de Snitser Sporthal fan ONS. SDS fuotballe knap en gie fol yn de oanfal sûnder efteryn wat fuort te jaan. De bal woe der allinnich net sa maklik yn as ferline wike(12-0). Jappie moast earst 4 kear op de peal sjitte foar ’t SDS op foarsprong komme koe. De goals waardene úteinlik makke troch Pieter de Vries en de wepmaster sûnder stikels(2x). Johan Heerma pakte op ‘e nij “de nul” en is no “fierwei” de minst passearde keeper yn dizze klasse.
Yn de lêste minút fan de wedstryd soe Wichard der noch 4-0 fan meitsje, mar “de drugsbaron fan Molkwar” koe dit foarkomme.

SDS-sokken winne!
Wie heeft als eerste alle SDS-kaarten van de Jumbo bij elkaar gespaard?
Vraag buren, pakes en beppes, ooms en tantes en wie je noch meer kent om bij de Jumbo in Wommels de boodschappen te doen en vergeet niet om een SDS-kaart mee te nemen. De eerste die alle kaarten heeft kan dat mailen naar
PRcommissie@vv-sds.nl.
Je mag ook bellen naar: 06-29974138
Ben jij eerst dan krijg je gratis een paar SDS sokken.
Enne
SDS-sokken; bliuwe skjin yn de winter!

Alde doaze
Omdat it de wike fan Oranje is kinne wij mei ús âlde doaze net efterbliuwe. Earne yn de jierren 70 droech ek in SDS-ster in oranjesjurtsje. Sjoch
hjir.

Preemje
Sneon seagen wij efkes bij Nijlân 1 – Aldehaske 1. De mannen fan Nijlân striden fûleindich sa hawwe wij se selden sjoen. Sels net tsjin SDS. Se woenen winne. Der waard lâns de line al grute dat de ús allegear bekende sponser wat tasein hie bij winst. Wij kamen der net rjocht efter wêr’t dy Nijlanner mannen no sa foar striden mar juster seagen wij wat de preemje wie. En dan begripe wij hiel goed dat se winne woenen. Sjoch
hjir.

SDS League
Oan it ein fan de middei kinne jim hjir de nijste stân fan de SDS League ferwachtsje.

Harsens derby(984)
In man soe hjirby heechstwierskynlik in dwerslaesie oprinne: