Ferslach ONT 1 – SDS 1

Weppers woansdei 20-3
19 maart 2013
Weppers tongersdei 21-3
20 maart 2013

ONT 1 – SDS 1 sjoen troch in SDS bril….
SDS hat juster yn de Pein mei 2-1 ferlern fan konkurrent ONT. Yn in geliik opgeande wedstriid luts SDS úteinlik oan it koartste ein.
De earste helte begong rommelich en beide ploechen doarden nog net echt. Beide ploechen kriigen yn it earste healoere ien goeie mooglikheid. Jelmer ûnderskepte de bal, mar syn skot mei links gong krekt foarlâns. Oan de oare kant wie it in ONT-spiler die út stand de bal krekt neist de goal krulde. Drekt nei it healoere kaam SDS op 0-1. Een slimme stekbal fan Erik Haitsma berikte Jelmer Posthumus die de bal no wol yn de fiere hoeke pleatse koe. Mei een 0-1 foarsprong en een goed gefoel oan de thee wie it strefen, mar dat slagge net. Djip yn de blessuretiid fan de earste helte waard it 1-1. Oan de rjochterkant fan SDS koe de bal te maklik foarsetten wurde en dat waard folge troch een hiele knappe kopbal fan Egbert Hulzinga. Rêst 1-1.

De twadde helte wie noch mar twa minuten âld doe de 2-1 foar ONT op it boerd kaam. Oan de linkerkant fan SDS joech Teake van der Hoek een foarset die samar oer Jaap yn de fierste hoeke sylde. Dizze ‘lucky goal’ wie drekt nei rêst fanselfsprekkend in domper. SDS joech dernei drekt gas nei foaren, mar echte mooglikheden joech dit nog net. Op de counter wie ONT twa kear libbensgefaarlik, mar troch slordich útspyljen fan de kânsen bliuwde SDS leven. En dan tsjin it ein fan de wedstriid witte je dat dé kâns nog komt. Earst gong een skot van Harm Stremler krekt oer de goal en dernei folgden 3 kansen yn twa minuten. Earst siet it gelok wat ONT wol hie net mei oan SDS-kant: Ewout joech een foarset die op de latte einiche. Fuort dernei loste Dirk-Yde Sjaarda een skot dat  ek op de latte útien spatte. Út de rebound kaam de 100% kâns foar SDS. Ferdediger Feiko Broersma, die yn it lêste kertier stormram yn de spits wie, hie de bal foar it yntikjen. Hij moast de bal mei rjochts nimme, mar kriige it ding op de hakke sadat de bal foar een frijwol leech goal toch yn de hannen fan de keeper kaam. Fjirder kaam SDS net en yn de blessuretiid krige Harm Stremler nog in twadde giele kaart.

Sneon wer een kear thús (SDS spilet nog 7x thús en 3x út) tsjin CVVO út Lemmer.

Grietzen Broersma

ONT 1 – SDS 1 sjoen troch in ONT bril…..
Ek op de ONT side stiet in ferslach fan deselde wedstriid. Sjoch
hjir