Weppers freed 22-11

Weppers tongersdei 21-11
20 november 2013
Utslaggen sneon 23-11
22 november 2013

SDS Vr1
Moarn om 14.00 oere oefent SDS Vr1 tsjin Oudega Vr1. Dat sil plakfine yn Aldegea (swf) en ûnder lieding fan altyd laitsjende Simon Kingma

Efkes Balje
Grutte kâns dat der jûn foar it earst wer allegear lange brûken te sjen binne op it Efkes Baljen? Of soene der om 19.30 oere noch wat koartebroekejonges klearstean?

Heeg 1 – SDS 2
Justerjûn hat SDS 2 it opnommen tsjin Heeg 1 yn Heech. De einstân wie 0-2. De doelpunten wiene fan Tjeerd en Ayanle

Sprekker
Spesjaal foar de sponsers en freonen fan SDS is der jûn in noflike jûn mei Maarten de Jong as sprekker.

Drave
Sneon net folle fuotbalaktiviteiten foar de senioren dus hat it grutte kâns dat der wer hiel wat SDS-ers meidrave oan de Slachterin. Dy start om 11 oere yn Wommels. Je kinne kieze út meardere ôfstannen. Wij binne benijd.

Seleksjes
SDS 3 – sc Joure 2
der wêze: 13.30
spylje: 14.30

Ayanle, Jelte P, Feite, Sytse, Hendrik, Ids, Geert, Hendrik, Klaas Bouke, Broer Jacob, Pytrik, Pieter, Andries, Eddy.

SDS 4 – ONS 5
der wêze: 11.30
spylje: 12.15

Bram, Jelmer, Arjan, Rock, Gert Jan H, Doede K, Jan, Gert Jan R., Peter, Doede S, Gerrit T, Stefan + 2 fan SDS 5

SDS A1 – sc Franeker A2
der wêze: 11.15
foto: 11.30
spylje: 12.15
Jelle, Allert, Pieter, Ruurd, Teun, Pieter, Jurjen,Bauke, Lourens, Martijn, Wiene, Pieter, Foeke.
flagger: Klaas Overal

Programma
It programma fan sneon kinne jim sjen bij de weppers fan tongersdei.

Fan herte lokwinske!
Hendrik Engbrenghof is hjoed jierdei! Fan herte lokwinske! Wy hawwe allinnich gjin idee hoe âld as der wurden is………
Fan herte lokwinske poppie!! Xxx

Foto
Wij pleatsten fannewike dizze foto. Prachtich fansels sa’n
jongkeardel út Itens yn it âlde Cambuur BFI sjurtsje. Miskien noch leuker is mar dizze foto dy’t Theo Postma ús mailde. Kinne jim se noch fine dy Stam, dy Konterman, dy Bruin, dy Abma en fansels Fritz Korbach. Of kinne jim se miskien wol allegear ?

Slagge

Hans van der Schaar en Tjerk van der Pol binne justerjûn slagge foar BOS. Dat is de Basis Opleiding Scheidsrechter. Fan herte lokwinske!

Alderakelichst…..
Alle spilers fan Paris Saint Germain steane kommende simmer op it WK yn Brazilië. Útsein ien……. De grutste held: Zlatan Ibrahimovic.


Harsens derby(1154)
Somtiden wol de bal der mar net yn…….