Weppers tongersdei 21-10-21

Allegear mei in medalje nei hûs
20 oktober 2021
Meinte Sixmatoernoai yn byld
21 oktober 2021

SDS 1 – Workum 1

SDS frouljus-7×7-toernoai

Freedtejûn 12 novimber wurdt der in 7×7-toernoai organiseare foar alle frouljus- en famkesleden fan SDS. Ynkoarten mear ynformaasje.

SDS-nijjierssit

Noch sa ’n 10 wiken dan sit 2021 der alwer op. Dat betsjut dat wy wer útsjen kinne nei in SDS-nijjierssit. Set mar fêst yn de aginda dat dy op sneon 8 jannewaris plak fine sil. Wy sizze noch net wat wy dwaan gean, mar lis in goed sin mar fêst klear.

Buswedstriid

Foar SDS 2 stiet der sneon 30 oktober in moaie buswedstriid op it programma. Sy meie dan út om 14.30 oerte balje yn Grins tsjin Knickerbockers 6. De ploech fan û.o. Âld-SDS’ers Wytse Fopma. De kosten foar de bus binne €10,- p.p. Der kinne 45 man/frou mei. De bus sil in oer as 12.30 oere fuortgean en sa ’t no liket giet de bus in oer as 18.00 oere wer nei Easterein. Wa ’t ek mei wol yn de bus kin dit oanjaan by Willem Wijnia of by ien fan SDS 2.

Plestik fleskes sparje foar in pannakoai

Sûnt koarten sit der staasjejild op lytse plestik fleskes. Yn de kantine wurde dy noch efter de bar sammele. Kommende sneon stiet der in spesjale kontener wêr as dizze fleskes yn kinne. De bedoeling is dat tidens it keatsseizoen de opbringst nei de KF giet en tidens it fuotbalseizoen de opbringst is foar it realiseren fan in pannakoai. Allegear sparje dus!

Lokwinske!

Tsjipke Okkema en Esther Hoitenga binne ôfrûne tongersdei de grutske âlders wurden fan Jeldau Joukje. Grutte bruorren Jildert en Hidde litte witte tige wiis te wêzen mei harren lytse suske. Op dat sy mar lang fan elkoar genietsje meie!

SDS JO15

SDS JO15 hat justerjûn yn Minnertsgea fuotballe tsjin de pleatselijke JO15-1. Hoe dit gien is kinne jim hjir lêze. Kommend wykein is de JO15-1 frij.

Ofskie


Marjo Groothof hat ôfskie naam fan de jeugdskommisje fan SDS. Tjerk van der Pol oerlange har in bosk blommen en fansels spruts hij wurden fan tank.

SDS-ers der op út


It kin wer, nei it bûtenlân foar in fuotbalwedstriid. De Wijnia’s gongen flak oer de grins nei Borussia Mönchen-Gladbach tsjin VfB Stuttgart. Sij seagen de wedstriid einigen yn 1-1.

Kantine

De kantine is jûn iepen fanôf in oer as 20.33 oere. Op it grutte skerm is der wer folop fuotbal te sjen en wylst soarget Inne foar de hapkes en de snapkes.

Harsens derby (2318)

Yn Ingelân binne se net benaud foar in bytsje wetter……….