Weppers tongersdei 21-1

Weppers woansdei 20-1
20 januari 2016
Weppers freed 22-1
21 januari 2016

Oefenje
SDS 1 sil jûn oefenje yn Sint Anne. De wedstriid begjint om 20.00 oere en it selskip giet om 18.45 fuort.
Yn Sint Anne hawwe se keunstgers.
Seleksje:
Jaap. Sjoerd. Wiebe. Hendrik. Feiko. Elger. Tjipke. Bauke. Erik. Grietzen. Teun. Jacob. Dirk Yde. En nog enkele A-
junioren.

Seal: SDS 1 wint derby
It sealteam fan SDS hat justerjûn foar it earst yn 2016 wer ris spile. Der waard thús mei 6-3 wûn fan sc Bolsward 2 nei in 2-0 en 3-1 efterstân. Grutte man by SDS wie……… Johan Heerma……… Qua omfang wolteferstean 😉


Sealtraine SDS 3 en 4
SDS 3 en 4 traine jûn al fanôf 21.00 oere yn de seal yn Easterein. Allegear efkes in eurootsje meinimme en noch efkes opjaan foar it SDS-sealtoernoai fan kommende sneon fansels.

Net traine
SDS 2 soe fannejûn efter de sporthal traine, mar dat wurdt him net. Sy hienen net sûnder redens fuotbalje kinnen………… Sy sille no manmachtich meidwaan oan it sealtoernoai kommende sneon om dochs wat fit te bliuwen.


Wol traine
SDS D2 trainet fannemiddei fan 17.00-18.00 oere yn de seal yn Easterein. Ien fan de wepmasters sil sjen de mannen noch wat bybringe te kinnen.

SDS-sealtoernoai foar senioaren ensfh.
Kommende sneon is der wer it jierlijkse SDS-sealtoernoai foar senioaren, A-junioaren, sealfuotballers, âld-SDS’ers en oare lju dy ’t wat mei SDS hawwe. Jim kinne jim
hjir opjaan. Dit kin oan ’t sneon 13.00 oere. It sealtoernoai begjint sneon om 19.00 oere.

SDS-sealtoernoai foar B- en C-junioaren
Kommende sneon is fanôf 9.00 oere it jierlijkse sealtoernoai foar B- en C-junioaren. Jim kinne jim
hjir opjaan oan ’t freed 12.00 oere. Ynmiddels hawwe mar leafst 37 jongkeardels harren al ynskreaun!

Wisten jo dat?


Ideetsje!
Mocht it keunstgersfjild fan SDS folgend seizoen no ûnder de snie lizze dan hawwe wy al in oplossing fûn!
Permalink voor ingesloten afbeelding
En dan de moter efkes oan fansels!

Harsens derby (1658)
Op sokke(n) penaltys kinne je it best oefenje as it fjild drûch is:


Letter miskien mear!