Weppers woansdei 20-1

SDS-sealtoernoai foar senioaren, A-junioaren ensfh.
19 januari 2016
Weppers tongersdei 21-1
20 januari 2016

Bytekene
Boudewijn Kramer en Jeroen Brouwer hawwe beide foar in jier bytekene as trainer en lieder fan SDS 2. It bestjoer fan SDS lit ús witte hjir tige wiis mei te wêzen.

Gie net troch
SDS 1 en sc Franeker 1 (sneins) soenen justerjûn yn Frjentsjer tsjinelkoar oefenje op keunstgers. It fjild lei spitich genôch ûnder de snie, dus it gie net troch.

Gie ek net troch
SDS 2 soe juster foar it earst yn 2016 wer traine. Spitich genôch koe it om it trainingsfjild efter de sporthal noch net lije.
Permalink voor ingesloten afbeelding

Giet it troch?
SDS 1 mei sneon foar it earst wer los yn de kompetysje. Sy meie út tsjin Minnertsga 1. Sy hawwe dêr keunstgers, dus wy binne benijd as dit sneon sniefrij en der fuotballe wurde kin.

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn
De sealfuotballers fan SDS 1 meie jûn om 20.30 oere yn Easterein fuotbalje tsjin sc Bolsward 2. Supporters binne wolkom!

Sealtraine SDS 3 en 4
SDS 3 en 4 traine tongersdeitejûn fanôf 21.30 oere yn de seal yn Easterein. Allegear efkes in eurootsje meinimme en hjoed efkes opjaan foar it SDS-sealtoernoai fan kommende sneon fansels.

SDS-sealtoernoai foar senioaren ensfh.
Kommende sneon is der wer it jierlijkse SDS-sealtoernoai foar senioaren, A-junioaren, sealfuotballers, âld-SDS’ers en oare lju dy ’t wat mei SDS hawwe. Jim kinne jim
hjir alfêst opjaan. Dit kin oan ’t sneon 13.00 oere. It sealtoernoai begjint sneon om 19.00 oere.

SDS-sealtoernoai foar B- en C-junioaren
Kommende sneon is fanôf 9.00 oere it jierlijkse sealtoernoai foar B- en C-junioaren. Jim kinne jim
hjir opjaan oan ’t freed 12.00 oere.



Moarn mear!