Weppers tongersdei 20-10

Weppers woansdei 19-10
19 oktober 2016
SDS-League: Net 2, mar 1 wykpriiswinner!
20 oktober 2016

SDS Seal

Justerjûn soe de sealwedstriid fan SDS 1 tsjin FFS 1 plakfine. “Oflast”stiet er efter.

De keepers

 

keepers

De doeltsjes fan it JO 9 fjild en it JO 11 fjild stiene juster tsjinelkoar oan. De keepers hiene it net altyd like drok.

PSV ?  msixmatoernooi

 

 

 

 

 

Dan ha je sa’n moai sjurtsje oan fan je favorite klup en dat sizze se tsjin je dat je PSV binne…..

Drokte op de Skoalleseize     jeudeboule

 

It wie in drokte fan belang juster op de Skoalleseize.  It Meinte Sixmatoernooi foar de pupillen en it Slottournooi Jeu de Boule foar de âldtsjes

Hesjes

hesjes

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Safolle bern op toernooi, safolle fjilden dan bin der wolris wat hesjes te min. No ja, te min, der binne noch wol grutte……

Kantine

It kin jûn wolris drok wurde yn de kantine. Earst traine SDS 2, JO-17, SDS 1 en JO-19 foar de kantine en yn de kantine kin sjoen wurde nei de Europa-League-wedstriden Celta de Vigo – Ajax, Feyenoord – Zorja en dêrnei nei alle gearfettingen fan alle oare Europa-Leaguewedstriden. Sjoerd Rispens sil der foar soargje dat eltsenien op ‘e tiid syn hapke en snapke krijt.

Perioadekampioen?

SDS 2 hoecht sneon net te fuotbaljen, mar it soe kinne dat sy sneon de 1e perioade pakke kinne. Der sitte 11 teams yn de kompetysje en der binne trije perioades. Je spylje dus 20 wedstriden per seizoen en dan soenen je sizze dat de 1e perioade oer 7 wedstriden giet. SDS 2 hat ynmiddels 7 wedstriden spile en stiet boppe-oan. VVI 2 kin sneon noch lyk komme as sy de ynhelwedstryd tsjin Heerenveense Boys 3 wint. It is dan ôfhinklijk fan it doelsaldo wa ’t de 1e Perioade pakt. Heerenveense Boys 3 stiet op dit momint lêst mei -3 (!?) punten……..

Mieke

Prachtige útspraak yn it AD: Nac speelde gisteren Mieke Telkamp voetbal…….waarheen, waarvoor…………..

Harsens derby (1777)

Fansels makken sy by Ajax JO-19 in prachtige omhaal, mar dat kin by de amateurs fansels like goed.