Weppers freed 3-4

Weppers tongersdei 2 april
1 april 2009
Seleksjes sneon 4-4 (ynkl. froulju)
3 april 2009

Drop aksje

Freedtejûn kaam de jeugd fan SDS mei drop bij de doarren lâns. En at je dan bij in webmaster lâns komme, dan komme je op de foto: Michiel Zuidema fan Swingoerd fersjocht de famylje Hofstra fan drop.

Flagje by de SDS-froulju?
We sykje noch in flagger foar moarn.
We spylje tsjin koploper Joure om 12.40 oere.
We gean 11.15 fuort.
Wa’t wol mei wol, kin kontakt opnimme mei my
Groetnis Anke (06 42 51 66 39)

Moai sjurt
 

 

 

 




Sytse Hibma (SDS 6) tinkt graach mei: dit sjurt liket him wol wat ta foar……

SDS A1
We waarden ûnoangenaam ferrast (en sûnder oerlis!) troch in wiziging yn it wedstriidprogramma.
Wer de wedstriid fan de A-junioaren om 14.30 stie, der stiet no op iens in tiid fan 16.30 oere!!
Der kin blikber samar wat skowd wurde. En wa hat dat skowd?
Fansels gunne wy SDS 6 ek om op in moaie tiid te spyljen. Mar de gong fan saken doocht net wat ús oanbelanget.
Dat…
Klaas

SDS 5
SDS 5 spile ferline
wike yn Oentsjerk. Sa te sjen binne de lêsten ek werom en ien dêrfan docht in koart ferslach.
Al weer de NUL.
Na vorige week een trainingspartijtje te hebben gevlagd namelijk  SDS 1 – VHK 1  was het afgelopen zaterdag weer het echte werk voor mij. Namelijk Trynwaldsterboys 4 – SDS 5. (altijd lastig)
Maar na 90 minuten stond wel weer de 0-3 voor SDS 5 op het scorebord en hadden we weer de nul.
Ook dankzij het hele team.

Grensrechter Dolstra  SDS 5.

Seleksjes
De seleksjes fan sneon sille jim letter hjoed (op fersyk fan Jan nei 17.00 oere)fine.

Mienskiplike training (3 – slot)
Lêste berjocht oer Jarco ûnder dit kopke.
Jarco is fannemiddei thúskommen mei de rjochterfoet (ûnder de knibbel) yn it gips.
De tining yn de foet wie noch sa grut dat hy noch net operearre wurde koe.
Nei efkes goed oefene ta ha mei krukken mocht hy dochs nei hûs.
Takom wike tongersdei moat hy wer hinne en dan wurdt hy wol operearre.
Groetnis,
Klaas

Voetbal 21
Voetbal 21 foarseit foar sneon in 2-1 einstân foar OldeVeste tsjin SDS 1.

Entoesjast
De famkes kamen juster entoesjast werom út Hearrenfean. Sij hiene de frouenwedstriid Sc Heerenveen- AZ besocht. Mei noch hast 9000 oare froulju op de tribune seagen sij AZ winnen en “ús” Douwe Dirk Reitsma flagjen. En Willem Twijnstra hie yn Easterein it fet hiet en dat wie better as in heal oere ynde rige stean bij Mac Donald foar in broadsje mayonaise.