Weppers tongersdei 2-4

Weppers woansdei 1-4
31 maart 2015
Seleksjes sneon 4-4
2 april 2015

1 april!
Sorry!
It wie in 1-april-grap!
Jim hoefden juster net nei Drachten om in twaddehands keunstgersfjild op te heljen. Dêr waaide it fansels fiersten te hurd foar………..
Allegear dochs noch tige by tige!
Mochten der noch foto’s wêze fan lju dy ’t om 17.00 oere by de Skoalleseize stienen dan meie jim se maile nei info@vv-sds.nl!

De earste m2’s keunstgers binne ferkocht!
De earste m2’s (lotten) fan de SDS-keunstgersaksje binne ferkocht en de earste SDS’er hat sels it jild al ynlevere. Sy hawwe sels 20 lotten ferkocht! Moarn ferklappe wy wa dit wie en wy fine dat sy wol in SDS-sjaal fertsjinne hawwe! Sjapoo!

Programma sneon
Jim kinne it programma foar kommende sneon
hjir sjen. Mei skiedsrjochters en al.

De kantine is jûn iepen
SDS 1,2,4,5 en de A’s traine jûn allegear wer yn Easterein en Sjoerd Rispens hat bartsjinst. De nijste stân fan de SDS-League komt fansels pas wer nije wike, mar Sjoerd sil fêst in noflik stikje muzyk draaie. Kom allegear!

Fan herte lokwinske!
De stjêrspiler fan SDS 2, Jesse van der Weide, is hjoed jierdei! Fan herte lokwinske!

3 kear thús!
SDS 1 spilet sneon om 14.30 oere thús tsjin Mulier, Peaskemoandei om 15.00 oere thús tsjin TONEGO en nije wike sneon tsjin SVM om 14.30 oere. Dat soenen dochs 9 punten wêze kinne!

Sealfuotbal

Justerjun tsjin sc Boalsert 2 spile. We starten te slap en stiene samar 0-3 efter. Dernei pakten we it better op en stie it by rest 3-3. Nei de rest kamen we op 4-3 foarsprong mar dit koene we net festhalde. Troch wat foutsjes waar it te makkelijk 4-5.

We krigen noch best wol in soad kansen mar spilen dit net goed ut en dit die Boalsert wol goed sa dat de einstan 4-7 wie.

We hawwe nog altiten sicht op it tredde plakje en gean der nije wike wer foar. We moatte dan wer thus tsjin RES 3.
Klaas

Folleybal
Soenen jim op de side miskien melde kinne dat wy dames 1 yn e kwart finale fan de beker sitte? En dat we no tsjin tjoba it Klazienaveen spylje meie?
Dit is tongersdei (hjoed dus) om 20.00 oere yn ‘e sporthal de Greidhoeke! Kom us allegear oanmoedigjen (dit kinne we namelik wol brûke…��)
Gr Vera

Analisten
Wij kinne se allegear wol: de analisten nei in potsje fuotbal. Kenners dy’t it krekt efkes oars sjogge as wij. Alteast dat tinke se. Analisten dy’t dingen sizze dy’t wij net kontroleare kinne. Mar soms iets sizze wat wol te kontrolearen is. Sa sei Gullit nei Nederlân- Spanje dat de keeper fan Feyenoord “nou eenmaal meer te doen heeft dan die van Ajax”.
Mar Gullit hie gjin rekken holden mei de kompjoeter dy’t de bylden wol goed analyseart en dêr data fan makket.

Peaskemoandei
Peaskemoandei wurdt it moai waar om lâns de line te stean en dat treffe jim dan. SDS 1 moat om 15.00 oere fuotbalje tsjin Tonego.

Harsens derby (1468)
It skeelde net folle klinkt altiten frjemd by Sjineeske fuotballers………..