Weppers woansdei 1-4

Tydlike oplossing trainingsfjild!
31 maart 2015
Weppers tongersdei 2-4
1 april 2015

Gjin trainen
It trainen fan de SDS-Mini-League giet hjoed net troch y.f.m. it waar
Luuk van der Schaar
P.s. Miskien kinne de mannen meihelpe mei it útroljen fan it keunstgers

Gekkenboel
It wurdt fannemiddei noch in hiele gekkenboel mei al dy lju dy ’t helpe sille om it keunstgers út Drachten wei te heljen. Der hawwe harren al hiel wat lju oanmelden. It leafste mailtsje kaam fan Allert en Jesse:

Hoi Info, 

Jesse en Allert willen graag helpen met het kunstgras aanstaande woensdag. 

Kusjes,

Allert en Jesse (SDS2)

Keunstgers
Der leit al hiel wat te wachtsjen yn Drachten:


Keunstgerslotten ferkeapje!

Freed wie der yn de Jimbar in SDS’ers dy ’t samar syn lotten kwyt wie. De earste 5 lotten ferkocht hy fansels oan himsels. Doe hy yn de Jimbar fol enthousiasme sei dat syn heit wierskynlik de oare fiif wol keapje woe greep in metaalboer, dy fierder anoniem bliuwe wol yn… Hy kocht lyk de lêste fiif lotten. Dat betsjut dat der troch de lotten hinne is, mar sels noch wol 5 hawwe wol. Dus wa’t noch 5 lotten kwyt wol kin wol nei it Geins Fyns Tywert yn Wommels. Miskien wol der nei syn jierdei fan juster noch wol mear keapje…….

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn
De sealfuotballers fan SDS 1 spylje jûn wer ris in alderaardichste derby. Sy moatte om 20.00 oere thús tsjin SC Bolsward 2.

SDS League
Dy komt fansels pas nije wike wer, want it ôfrûne wykein wie der gjin Eredivisiefuotbal………


Alderaardichst

Soenen wy ek sokke klimgeiten by SDS 1 hawwe? Hooplik net, want as dizze man by de peal de bal rekke hie dan hie hy sawiesa in kaart krigen en in penalty tsjin.

Harsens derby (1466)
“Tikkie werom, Jaap!”