Evenementen in december 2022

Weppers tongersdei 18-9
17 september 2008
Seleksjes sneon 20-9
19 september 2008

Bus nei VHK

Moarn giet it earste mei de bus nei VHK.
Wa mei wol kin him oanmelde by
Enne Bruinsma
til: 0515-332013 of eameladres ennebruinsma@wanadoo.nl.
Enne hat ús witte litten dat der noch genôch romte is. Oanmelde dus!

VHK
VHK stiet foar VlugHeid en Kracht. De klup komt út Sint JansKlooster en dat doarp is bekind om syn 11 stêdenwinner  Evert van Benthem. Ek no sit er in spiler yn de seleksje mei dy namme. Mear oer de skiednis fan SDS en VHK kinne jim
hjir lêze.

Net te keatsen…..eeeuuuhhhhh te winkeljen
Hoi,
Der stiet op de site dat ik te winkeljen bin oankommende sneon! Dit is perfoast net wier!
Ik bin foarich jier noch een kear te winkeljen west en dat hoeft dus no noch net wer! Miskien takomme jier wer een kear as der echt oars neat te dwaan is.
Ik gean sneon nei Boazum ta te keatsen omdat der gewoan fiersten te folle minsken binne foar 5 alve? tallen.
Graach efkes oanpasse op de site, want Eefje frege al as it echt wier wie fan dat winkeljen.
gr Sipke

Undersyk
Sytze Kooistra (SDS 2) hat fan skoalle in opdracht krigen. Hij moat in enkête ôfnimme. Wat is der makliker om dat efkes te freegjen oan ús. Wij dogge dus in oprop om Sytze efkes te helpen mei syn ûndersyk. It is yn 1 minút klear en Lolke Bouma moat seker efkes mei dwaan. Sjoch
hjir

Flagje
De froulju fan SDS spylje sneon út tsjin Mulier. Sy geane om 9.45 fuort en spylje om 11.00. De seleksje is aardich kompleet, mar sy hiene noch gjin flagger. Mar no wol. Feike Jorritsma hat him oanmelden. Hulde.


Nije Treffer
It bewarnûmer fan de Treffer is noch net iens by eltsenien besoarge en wy binne alwer dwaande mei de nije Treffer. Hawwe jim wat foar yn de folgende Treffer dan wolle wy dat graach hawwe foar 1 oktober.

Boalserter Krante
Sûnt foarige wike sil der geregeld wat oer SDS yn de Boalserter Krante stean. Siem Sikma sil de stikjes skriuwe en Henk Bootsma levert de foto’s.

Pech(1)
Willem Veenstra fan SDS 4 hat foarige wike syn knibbelbannen skuord. Wy winskje him betterskip ta!

Pech(2)
Pieter Wesselius fan SDS C2 ferdraaide juster foar de 2e kear yn 2 wiken syn knibbel. Wy hoopje dat dit gau hielendal oer is.

Pech(3)
Jacob Sjirk Joustra(SDS 4) hat foarige wike in nije krúsban yn ‘e knibbel krigen. Syn herstel wol noch net rjocht flotte. Wy winskje ek him betterskip ta!

Pech(4)
Jeroen Brouwer hat alwer in skoft lêst fan de knibbel. Om ’t it stadichoan wol wat opknapte tocht (en hoopte) Jeroen dat de MRI wat meifalle soe. Dit foel ôf. Der sit in skuorke yn de meniskus en yn de krúsbân. Jeroen sil yn desimber oan de knibbel holpen wurde.

SC Heerenveen
Der wienen juster genôch “Heerenveners” dy ’t skoorden yn de UEFA-Cup. Denneboom, Suleymani, Huntelaar(2x) en Vikor Elm skoorden allegear. Lokkich genôch skoorde der ek noch in “echte” Heerenvener. Elyounoussi skoorde de wichtige 1-1 foar SC Heerenveen.

Snel jild fertsjinje
Sa snel kinne je je jild net fertsjinje mei 31jen of pokerjen……………




Letter mear!