Weppers tongersdei 18-6

Kondysjetraine mei Dooitze
17 juni 2009
Freedtejûn Fitja-promo yn feesttinte Wommels!
18 juni 2009

Fitja?
Freedtejûn is it earste Wommelser Filmfestival. Út ûnbetroubere bronnen hawwe wy fernaam dat hjir in foarpremiëre wêze sil fan de film “Fitja”. Út foarfertoaningen kinne wy jim sizze dat it net om samar in film giet. De film draait mei nammen om it Wommelser Kampioenskip(WK). Wy hoopje jim der fannemiddei mear oer fertelle te kinnen en alfêst de filmposter toane te kinnen. Hâld de webside dus goed yn de gaten!!

5 tsjin 5

Sneon 27 juny organisearret de Igge in 5 tsjin 5 fuotbaltoernooi. Helaas binne wij oan de âlde kant, want it is foar jeugd fan 14 oant 23 jier. Jim kinne it noch better lêze at jim op it affysje klikke.

A1 op stap
A1 is op stap west. Net allinne in
tekst ferslach, in fotoferslach mar ek twa filmkes. Sjoch hjir en hjir.

Kâld of sa?

It wie prachtich waar woansdeitejûn op it WK. Der waard wer fanatyk striden as wie it in echte wedstriid. Der wie mar ien dy’t it as in trainingspartijtsje seach: hij mei dy lange broek.

Strânfuotbal
Kommende sneon is der in
strânfuotbaltoernoai yn Oedemirdum. Út betroubere bronnen hawwe wy fernommen dat Dirk-Yde Sjaarda hjir ek mei in ploegje meidocht. Dit toernoai jild as foarronde foar it NK-Beachsoccer. Wy binne benijd hoefier Dirk-Yde mei syn ploegje komt.

Berg
Dy Confederations-Cup kin ús stêllen wurde. Wy sjogge leaver nei de EK ûnder de 21. Marcus Berg wie dêr aardich op dreef. Hy makke 3 goals yn de wedstryd mei Sweden tsjin Wyt-Ruslân. Dizze goal mocht der wêze:


Nijs?
Mail it nei
info@vv-sds.nl!