SDS-slotfeest op 9 maaie mei sjonger Jelmer en ‘Gewoan lekkere’ broadsjes fan Nanne!
3 mei 2026Marc Hoekstra docht dizze wike goeie saken. Mei ‘Hoekstra City’ pakt hy net allinnich it twadde plak, mar ek syn twadde wykpriis. Mei 62 punten bliuwt hy Jan ‘Bulder’ 5 puntsjes foar.

Gerwin Sijbesma stiet noch altiten boppe-oan mei ‘Mighty Mike’, mar it ferskil mei de rest wurdt stadich oan lytser. Mei noch 2 wiken te gean stiet Marcs ‘Hoekstra City’ no op 11 puntsjes en Tsjalling Sikma’s ‘FC Dronryp’ op 18 punten.
Sûnt Erik oan de frou is giet it hielendal mis yn de SDS-League. Ferline wike mar ien skamel puntsje en no wer mar 20 puntsjes. It is moai dat jhy wat letter oan de frou kommen is, want oars hie hy al lang stiif ûnderoan stien. No stiet hy mei ‘Jopie Kwast’ noch 61e.
Opfallend oan dizze edysje is dat alle wykprizen falle by teams dy’t no ek yn de top 10 steane. Utsein 2 wykprizen. Dy wienen beide foar ‘FC De Omropper’ fan Enne Bruinsma.
‘Wy meitsje der it bêSTE FAN!’ fan Jacqueline Hallema-Buma is noch altiten reade lantearndrager. Ate-Feike de Boers ‘DJ Dieter’ is noch har ienige konkurrint yn de striid om de poedelparaplu. It ferskil is no 102 punten.


