Ferling je seizoenkaart en fertsjinje 10 eurie foar SDS.
6 mei 2026SDS 1 – Oudehaske 1 (14.30 oere)
Noch twa wedstriden, noch twa kear winne en der is in kampioenskip.
Hjoed tsjin Oudehaske dat yn de middenmoat stiet.
Seleksje:
Mark (k)
Sven de H (k)
Niels
Jelte-Pieter
Remco
Tim
Wiebren
Matthijs
Robin
Gerbrand
Wytze
Pieter S
Wiebe
Daniel
Pieter B
Jelmer
Ate
Kees
Scenario’s
Mei noch twa wedstriden te gean binne der noch ferskeidene scenario’s te betinken yn de 4e Klasse A.
it kin noch alle kanten op.
5 klups boppe-oan
Mocht SDS 1 no sneon ferlieze fan Oudehaske, de nûmers twa, Delfstrahuizen 1 – Creil/Bant 1 lykspylje en Heeg(fan Tollebeek) en Sleat(fan WPB) winne, dan komme der 5 ploegen boppe-oan te stean mei 40 punten. Delfstrahuizen en Heeg hawwe dan it bêste doelsaldo, dêrnei Creil/Bant, dan Sleat en as lêste SDS. Mei oare wurden; it minste scenario foar SDS.
1 klup boppe-oan
As SDS 1 no wint fan Oudehaske, Delfstrahuizen 1 – Creil/Bant 1 wurdt lyk, Heeg wint fan Tollebeek en Sleat wint of ferliest fan WPB, dan stiet SDS boppe-oan mei 43 punten en hawwe de nûmers twa 40 punten. In lykspul by Tollebeek soe dan nije wike folstean foar it kampioenskip. As QVC dan ek noch fan Tollebeek wint dan stiet der nije wike neat mear foar Tollebeek op it spul. Sy binne dan wis fan neikompetysje tsjin degradaasje. Mei oare wurden; it bêste scenario foar SDS.
Al mei al binne der in soad scenario’s te betinken, mar it wichtigste bliuwt dat SDS sels noch twa kear wint.
SDS 2 – Deinum 2 (14.30 oere)
Deinum 2 hat wat mear punten as SDS 2.
32 om 20.
Foar SDS 2 in reden om de trije thús te pakken.
Seleksje:
1. Auke
2. Bauke
3. Ewout
4. Gjelt (K)
5. Jens
6. Jildert
7. Jurjen
8. Lieuwe
9. Redmer
10. Sietze
11. Sjirk
12. Wessel S
13. Wessel W
14. Wout
Oanwêzich: 13:15 oere
Wedstriid: 14:30 oere
Koach: Boudewijn Kramer
Workum 5 – SDS 3 (15.30 oere)
Mei 9 punten stiet Workum 5 ûnderoan.
SDS 3 hat er al 20.
Seleksje:
dy komt der oan.
YVC 4 – SDS 4 (13.00 oere)
SDS 4 hat 15 punten yn 17 wedstriden.
It liket ús in goed stribjen at se besykje dit seizoen gemiddeld 1 punt te heljen
Seleksje:
Anne, Jan-Simon, Feite, Mark, Klaas, Frank, Dennis, Willem, Jan, Evan, Boaz, Zoran, Niek en Erik(?).
Stap-yn
Op freed 22 maaie organisearet de KNVB in saneamde ‘Step-in’ yn Hearrefean. Dit is foaral om froulju kennis meitsje te litten mei de ferskeidene frijwilligersrollen yn it fuotbal lykas fluitsjen, trainen jaan en bestjoersfunksjes. Der binne ferskeidene workshops. nei de workshops meie fergees nei de wedstriid fan de froulju fan sc Heerenveen tsjin Ajax yn de Eurojackpot Eredivisie Vrouwen .
Sjoch hjir foar mear ynformaasje.
Harsens derby (2384)
Ricky van Wolfswinkel stoppet mei betelle fuotbal. Dit bliuwt syn bêste aksje ea.
Ricky van Wolfswinkel stopt. 634 wedstrijden, 225 goals. Maar dit blijft zijn mooiste actie.😂😂👌🏻
Uit de oude doos.
(Ja, het is in scène gezet) pic.twitter.com/6qrPAFw6J1— Rypke Bakker (@RypkeBakker) May 7, 2026



