Freedtejûn Fitja-promo yn feesttinte Wommels!

Weppers tongersdei 18-6
17 juni 2009
Weppers freed 19-6
18 juni 2009

Nei tiden yn spanning sitten te hawwen is der eindelijk mear bekind omtrint de film Fitja.

Der is fia RTL Boulevard ûtlekt dat der freedtejûn(fanôf 20.00) op de Terp yn de tinte de promo-film draait wurde sil. Fansels wie dit in prikkel foar ús om de mannen fan it WK Bestjoer te benaderen foar eventuele reacties. Nei in wachtrij fan 2 oeren koene we de heren in pear fragen stellen foardat se nei London fleinen foar in “red carpet” besyk:

Wat fine jimme überhaupt fan de lekkaasje fan de, op foarhân kaskraker, Fitja?

A.F. de B.: We hawwe ús dellein bij de lekkaasje fan de film en we binne fjirder akkoard  mei it draaien fan in promo-film yn de tinte. Wij tinke echter wol dat der mear efter sit dan in “gewoane lekkaasje”, wij slúte ienige ynfloed fan de lokale politiek en kommersje net ût.

Geruchten geane der dat der pittige matery oan bod komt yn de film. Wurde der minsken stevich oan de tosk field?

H.E.: Wij wolle mei dizze film in oplossing tarikke foar de huidige problematyk fan ús doarp. Fan de ynhâld fan de film distansjeart it WK-bestjoer sich wol op foarhân want wij wolle der ek net wer “te” ticht op stean, wij soene graach  minsken “triggerje” wolle om tot aksje oer te gean. Fierder kinne eventuele claims bij de accountant fan it WK Bestjoer yntsjinne wurde.

Nei nog wat knallende sjampanje kurken stappe de heren yn harren limo nei Skiphol. It sil ús benije wat Fitja kommende freed teweeg bringe sil………..