Weppers tongersdei 18-4

Weppers woansdei 17-4
16 april 2013
SDS League: Ozzy pakt alwer wykpriis!
18 april 2013

F1 bekert troch
Spannend sil it west ha justerjûn. 4-1 foar en dan 4-2 en 4-3…. En dan is it dien. F1 giet nei de kwartfinale en wij moatte fier werom yn de tiid om te sykjen nei in SDS team dat ea sa fier west hat.

De mannen van F1 hebben weer goede zaken gedaan. Gewonnen met 4-3 van leeuwarder zwaluwen F2. Wat in wedstrijd. 18.45 uur begon de wedstrijd na enkele minuten was er al een tegen goal sds met 1-0 achter. Dan maakt Doede de gelijkmaker met een mooi schot op doel. Ate maakt de 2e en 3e goal. dus 3-1 de rust in. Nadat de jongens wat limonade hebben gehad en al het publiek de koffie op hebben gaan onze jongens vol goede moed aan de 2e helft beginnen.  De leeuwarden Zw. komen nog 2 goals dichterbij. Maar ook SDS (tymen) maakt de laatste goal. De wedstrijd is gedaan op een 4-3 winst voor de Mannen van F1. Dus op naar de halve finale met weer zoveel publiek misschien…. 
groeten,een ouder…

Gjin trainen
SDS 1 hat jûn gjin trainen. Spilers dy ’t dochs efkes los wolle kinne oanslúte by de B-seleksje om 19.00.

Programma
It programma foar kommende sneon sjocht der
sa út.

SDS 1 – Kollum 1 op de “radio”
Kommende sneon moat SDS 1 út tsjin Kollum 1. Dizze wedstryd is streekrjocht te belústerjen by RTVNOF yn de sportútstjoering Rûnwei Sport. Dizze sender kinne wy by ús net op de radio krije, mar kinne wy wol belústerje fia
www.rtvnof.nl.

Kollum
Kollum stiet dan wol moai yn de middenmoat en liket net folle belang mear te hawwen, mar at je nei de tredde perioade sjogge dan stiet Kollum der prima foar. Sjoch op Voetbalnoord.

Seal: SDS 1 wint
De sealfuotballers fan SDS 1 hawwe tiisdeitejûn mei 6-1 wûn fan Blauw-Wit ’34 13. Dit betekent dat sy noch altiten meidogge foar in kreas 3e plakje en kin Johan noch altiten de minst passearde keeper yn dizze klasse wurde.

Fakatuere
Ek op Voetbalnoord
stiet no de fakatuere fan trainer foar de B-seleksje fan SDS foar takem jier.

Time Out……
Yn de Treffer stiet al jierren in advertinsje fan Time-Out Sport, mar sûnt koart is de Time-Out winkel yn Snits is failliet. Dêrmei is de 10%-koartingsaksje foar SDS-leden ek dien.

SDS League
Jûn hjir de nijste stân fan de SDS League.

Harsens derby(1007)
In skoftke lyn koenen jim genietsje fan
dit prachtige filmke. Ynmiddels binne wy der efter dat it giet om de 50-jierrige Andrew Cassidy út Wales. Oftewol “The Welsh Maradona”. Soenen der lju by SDS wêze dy ’t sa handich mei in bal binne?


Letter miskien mear!