Weppers woansdei 17-4

Weppers tiisdei 16-4
15 april 2013
Weppers tongersdei 18-4
17 april 2013

SDS 1 mei folop striid wer 3 punten
It is in aardichheid om op tiisdeitejûn efkes nei it fuotbaljen te gean at SDS 1 fuotballet. Waard it publyk ferline wike al trakteard op in moaie pot tsjin koprinner L. Sweltsjes no wie it foaral in spannende pot tsjin CVVO. Yn de earste helte wiene der foaral kânsen foar CVVO en it wie net ferrassend dat dy ploech op 0-1 kaam nei sa’n 20 minuten fuotbaljen. De ploech út de Lemmer spile wat makliker en it seach der efkes net goed út foar SDS. Mar wat langer de earste helte duorre wat mear at SDS foaryn te finen wie. It resultaat fan it hurde wurkjen kaam noch foar it skoft. Dirk Yde Sjaarda wie al wer doeltreffend.
Nei it skoft kaam der wat mear romte oan beide kanten en Dirk Yde Sjaarda wie al wer de man fan SDS dy’t skoarde, no mei in hakbal. Dat wie al frij gau nei it skoft dat it soe noch in dreech heal oer wurde kinne foar de thúsploech. En dreech waard it ek. CVVO drukte en SDS kounterde net goed. Tefolle nei de bal sjen en te min nei frijsteande meispilers wie it euvel. Doe’t in kertier foar tiid CVVO mei 10 man fierder moast (2 kear giel) wie de hoop dat it foar SDS makliker wurde soe. Mar neat fan dat alles. Mei 10 man sette CVVO noch mear druk, der kamen noch mear en bettere kânsen foar de blauwwiten mar troch goed opromjen (Feiko wie yn foarm) en geweldige reddingen fan doelman Jaap Toering bliuw it 2-1. Trije punten der bij en in plakje opskood. De folgjende op de ranglist is yn sicht……. (ah)

Dirk-Yde Sjaarda makket de 2-1 mei help fan syn hakke.
(foto Henk Bootsma)

F1 yn de beker
At al dy minsken fan justerjûn no jûn wer komme om SDS F1 oan te moedigjen dan soe it samar kinne dat sij de heale finale helje. Jûn om 18.45 oere yn Easterein SDS F1 – Leeuwarder Zwaluwen F2. Kom allegear te sjen en nim jim kiel mei.

SDS 3 – SC Joure 2
Oanwêzich: 18.30
Fuotbalje: 19.15
Seleksje: Ids, Geert, Syb, Jentsje, Bote, Ralph, Gerlof-Jan, Andries, Pytrik, Marten, Pieter, Mark, Remon, Arjen en noch ien.

SDS 2 op ‘e nij ûnderút
SDS 2 hat juster thús tsjin Rood-Geel 2 mei 3-1 ferlern. De Ljouwerters kamen 1-0 foar, mar Ayanle makke der al gau 1-1 fan. By in rêststân fan 2-1 soe SDS 2 de twadde helte mei de wyn en de sinne yn de rêch dit wol efkes rjocht lûke. Nei 10 minuten gie de wyn lizzen en de sinne ûnder en hjirmei it oanfalsspul fan SDS 2 ek. De 3-1 wie úteinlik in terjochte útslach. Hooplik kin sneon tsjin Mulier 2 alles wer rjocht setten wurde. 

Slim Belly
By de C1 fan SDS wurde de nijste trainingsmethoades brûkt. Jajuster waard it Slim Belly fan Sportskoalle Akkermans probeare. Johan Heerma wie de proefknyn:
  
 
Sykje de twa ferskillen? Ynderdaad! 
Verhoeven hat 2 wanten oan….

Kwyt
Jeffrey van der Werf hat ôfrûne sneon al syn fuotbalklean sa ’n bytsje lizze litten yn boks 2. It giet om skinebonkbeskermers, âlde-SDS-sokken en in spiksplinternije swarte keepersbroek(maat 140). It sit mooglik yn in plastik pûde fan de Action. Wa ’t wat wit mei efkes skilje nei 0515-332065. Jeffrey syn mem hat al by de fûn spullen by SDS sjoen, mar dêr lei it net by.

Harsens derby(1006)
As je mei AEK Athene 3 minuten foar tiid tsjin grutte rivaal Panathinaikos de winnende eigen goal meitsje dan komme se yn Grikelân efter je oan: