SDS League: Ozzy pakt alwer wykpriis!

Weppers tongersdei 18-4
17 april 2013
Weppers freed 19-4
18 april 2013

It is net te leauwen, mar it is dizze wike op ‘e nij Hendrik Eringa dy ’t mei “Ozzy” de wykpriis pakt. Wêr ’t prizenjild fan foarige wike op gie oan in kaartsje foar Black Sabbath giet it no heechstwierskynlik nei syn frou.

Noch 2 kear in wykpriis en Hendrik sit op 50 euries

Bauke Dijkstra toant “Veerkracht” dizze wike en nimt it earste plak wer oer fan Emke en Habtamu de Hoop mei “Happy Feet”.

“FC Testarossa” fan Boudewijn en Almar Kramer moat miskien de pitsstrjitte efkes yn. Sy pakke mar 28 punten dizze wike en sakje fan it 4e nei it 8e plak.

Harm Bergsma docht it dizze wike hielendal net sa gek mei “Ken et za” mar stiet noch wol gewoan stiif lêste.

Sjoch hjir foar de nijste stân: wike 8.