Weppers tongersdei 17-9-2026

SDS-League: Wepmaster Aant pakt syn twadde wykpriis ea!
15 september 2026
Weppers freed 18-9-2026
18 september 2026
SDS-League: Wepmaster Aant pakt syn twadde wykpriis ea!
15 september 2026
Weppers freed 18-9-2026
18 september 2026

O13-1

Wij hiene al in foto sjen litten fan de “seebonken’ fan SDS.
Bij dy gesichten hawwe jim no ek in namme.

Beker

KNVB-Noord hat fannewike lotten foar de earste ronde fan de beker. Om’t SDS 1 yn de pouleronde as boppeste eindige is sieten sy ek yn de koker.
SDS 1 mei it op sneon 17 oktober thús opnimme tsjin Kollum 1. Kollum is in 2e-Klasser en spilet yn de 2e-Klasse C. Kollum wûn de earste kompetysjewedstriid fan Oranje Nassau Groningen mei 2-1.
SDS fuotballe foar it lêst yn 2013 tsjin Kollum. Sy sieten doe beide yn de 2e-Klasse I.

Age Tichelaar

Wy hearden dat de superfrijwilliger fan FC Harlingen, Age Tichelaar, ferstoarn is. Age wie net allinnich frijwilliger by FC Harlingen, mar is ek jierren skiedsrjochter west foar de KNVB en de KNKB. Hy hat yn al die jierren ferskeidene kearen teams fan SDS floten. Ien fan de befaamde útspraken fan Age wie; ‘SDS het onder myn leiding noch nooit ferloaren’.
Wy winskje allle minsken dy’t ticht by Age stean in soad sterkte mei dit grutte ferlies.
Wy sille him misse.

Kantine

De kantine is jûn wer iepen. De wepmaster mei it lange hier hat kantinetsjinst. Der is Europees fuotbal op it grutte skerm en der binne hapkes en snapkes te krijen.
Jim binne allegear fan herte wolkom.

Harsens derby (2413)

Ho………