Weppers tiisdei 15-9-2026
15 september 2026Weppers tongersdei 17-9-2026
17 september 2026It is SDS-wepmaster Aant Hofstra dy’t de earste wykpriis pakt. Hy hat mar leafst 62 punten.
Wy binne it archyf efkes yn doken en it docht bliken dat hy yn 2012 foar it earst yn syn libben in wykpriis pakte. Dit is dan dus syn twadde.
De ferwachting is dat hy dan yn 2040 syn tredde wykpriis pakt.
Aant syn joker wie dúdlik Sven Mijnans(PSV). Hy skoorde mar leafst trije kear en wy koenen sa gau net in team fine dy’t Mijnans der ek yn hat.
Fanôf no is it dus Sven MijnAants…….

Kristiaan Gaastra en Thor Ruiter dogge ek wer ris mei en begjinne lyk goed. Mei ‘de Regenjas’ begjinne sy as nûmer 2 krekt 3 puntsjes efter Aant. Ek Pieter Sijtsma pakt ‘Op de valreep’ 59 punten en stiet sa dield twadde.
Hendrik Eringa syn ‘ChatGPT’ sei op it lêste momint om der in ferdediger fan PEC(Viergever) yn te setten en sawisa De Wit(UTR) der net yn te setten.
Dat hie net moatten………….
PEC Zwolle krige 7 goals om de earen en De Wit makke de winnende goal foar FC Utrecht.
Dit levert him in 69e plakje op.
Sjoerd van Beem sit dúdlijk noch mei syn holle yn Jorwert.
Hy is ôfrûne snein net by sc Heerenveen – Telstar west en net hat ien fan Feyenoord yn syn team.
In terjochte ien nei lêste plak foar ‘Aan de kant ik moet naar het stadion'(mar hjoed efkes net) fan Sjoerd van Beem dus.

Germ Stenekes is wolris better oan de SDS-League begong. Mei BB pakt hy de earste reade lantearn fan it seizoen. Of yn Germ syn gefal; in brúne lantearn……..
Mochten jim tinke dat jim puntenoantal net kloppet lit it dan efkes witte.
By it ynfieren fan 73 teams kin kin der sa in siferke ferkeard del komme.
Dan wol graach mei bewiis komme oan de hân fan de puntentelling fan de SDS-League:

SDS League 2026-2027 stand earste helte wike 1


