Weppers freed 18-9-2026

Weppers tongersdei 17-9-2026
17 september 2026
Sneon 19-9-2026
18 september 2026
Weppers tongersdei 17-9-2026
17 september 2026
Sneon 19-9-2026
18 september 2026

Fuotbal op freed

20:00 Oosterlittens 35+1 – SDS 35+1 Wytmarsum
20:30 Mulier 35+1 – SDS 35+1 Wytmarsum
21:00 SDS 35+1 – Arum 35+1 Wytmarsum
21:30 SDS 35+1 – SC Joure 35+2 Wytmarsum

SDS 1 – Leeuwarder Zwaluwen 1  (14.30 oere)

Wa’t de lêste doelpuntenmakker wie yn 2013 kinne jim hjir sjen

SDS 1 en Leeuwarder Zwaluwen 1 binne de kompetysje beide goed begong.
No stean se yn de twadde wedstriid fan dit seizoen tsjin oer elkoar.
Seleksje:
Mark
Wiebren
Remco
Gerwin
Niels
Robin
Matthijs
Pieter
Ate
Gerbrand
Daniel
Tim
Wiebe
Jelmer
Boaz

Alde bekende

Leeuwarder Zwaluwen hat twa haadtrainers. Hylke Schrale en Yannick Boer. Hylke Schrale hat yn it ferline yn it begjin fan syn trainerskarriere trainer west fan SDS 2. Dêrnei hat hy haadtrainer west by Makkum, Bolswardia, sc Bolsward, WWS, AVC, Rijperkerk, Oeverzwaluwen en no dus in duobaan by syn âlde leafde Leeuwarder Zwaluwen.
Moai om him wer ris efkes yn Easterein te sjen.

Hylke Schrale as trainer fan SDS 2 hielendal rjochtsboppe op de foto yn it seizoen 2007-2008.

SDS 2- vv Heeg 2    (14.30 oere)

Foar SDS 2 begjint de kompetysje no, nei 2,5 bekerwedstriid.
Seleksje:
1. Jorrit (k)
2. Bauke
3. Ewout
4. Jelte-Pieter
5. Jildert
6. Jurjen
7. Redmer
8. Sietze
9. Auke
10. Jochem
11. Kees
12. Pieter B
13. Gjelt
14. Jorn

Oanwêzich: 13.30
Wedstriid: 14.30
Koach: Kerst
Flagger: Jan

Skiedsrjochter socht

Foar de wedstriid SDS 2 – Heeg 2 is noch gjin skiedsrjochter fûn. Is it wat foar dy? Graach melde by Kerst.

Workum 4 – SDS 3   (12.30 oere)

Wij hawwe noch gjin aktiviteiten fernaam fan SDS 3, dus nimme wij oan dat se tongersdeitejûn efkes meielkoar fûske hawwe op de trainingsjûn , miskien sels in bal hin en wer skopt hawwe.
Seleksje: komt der oan

SDS 4 – Mulier 2

SDS 4 mei fuort oan de bak tsjin Mulier 2, dat sil wol wer oanpoatsje wurde. Mulier 2 is foarich seizoen noch kampioen wurden, mar seach ik net sitten om in klasse omheech te gean.
Seleksje:
Arnout, Erik, Jacob-Klaas, Ronny, Bote, Hendrik, Frank, Jelmer, Lieuwe, Jan-Simon, Jentsje, Jildert, Willem en Tjitse en miskien noch ien?
Jan-Simon nimt de sjurts mei by frou Hoekstra wei.
Sjoerd van Beem flagget.

Stypje SDS mei RaboClubsupport

Asto lid bist fan de Rabobank kinsto SDS helpe troch te stimmen op SDS.
Stimme kin fia dyn eigen Rabo-app op de tillefoan fia ‘Instellingen’, ‘Lidmaatschap’, en ‘Rabo ClubSupport’.
Sykje ferfolgens op “sds” en selektear dizze.
Elts lid fan de Rabobank krijt 3 stimmen.
Neist SDS kinst dan noch stimme op bygelyks de Skoalleseize, KF Easterein, KF Wommels, Tennisferiening Easterein of Wommels, Stichting de Tsjerne, Freulepartij Wommels, Zwembad De Klomp of Doarpsfeesten Wommels.
SDS wol it jild wat hjirmei fertsjinne wurdt graach brûke foar de kosten fan de slotdei fan de jeugd.

Harsens derby (2414)

Hatseflatse, Dennis Bergkamp. Foar Ajax, yn Bernabeu. 30 jier lyn.