Weppers tongersdei 16-7

Weppers woansdei 15-7
15 juli 2015
Alles oer sc Heerenveen – MVV!
16 juli 2015

Foarferkeap SC Heerenveen – MVV
De foarferkeap foar SC Heerenveen – MVV rint as in trein. Je kinne kaarten krije by JUMBO Wommels, Camping de Finne yn Reahûs en by Douwe Reitsma, Smidslân 11 yn Easterein. Kaarten yn de foarferkeap koste foar folwoeksenen €8,- en foar bern o/m 14 jier €4,-. 
De foarferkeap duorret oan ’t freed 12.00 oere!
Oan de kassa koste se €10,- en €5,-
 
By JUMBO Wommels binne se hast troch de kaarten hinne.


Opboue
De measte saken foar sc Heerenveen – MVV fan moarn binne wol klear. Der moat allinnich noch ien en oar opboud en fersjoud wurde. Jûn om 19.00 oere geane wy los. Kom gerêst efkes del!

Omrop Fryslân
Foar wa ’t moarntejûn écht net nei Easterein komme kin is der ien treast. Omrop Fryslân komt moarn ek in ferslach dwaan foar sawol de radio as de tillevysje.

SDS-look-a-likes (2)
Yn eltse edysje fan de Treffer treffe jim ien fan ús favorite rubriken; de SDS-Look-a-like. De kommende wiken kinne jim de look-a-likes fan de Treffers út de ôfrûne 1 1/2 jier besjen. Foarige wike diel 1, hjoed diel 2:


Mear SDS-Look-a-Likes kinne jim fine ûnder it kopke “SDS-supporters” linksûnder op dizze side.

Alderaardichst
Permalink voor ingesloten afbeelding

Harsens derby (1526)
Dit is moarn net de bedoeling!