Weppers woansdei 15-7

SC Heerenveen-MVV-weppers (2)
14 juli 2015
Weppers tongersdei 16-7
16 juli 2015

“Nije” leden
Twa âld-SDS’ers hawwe harren ferline wike wer opjûn as nije SDS’ers. Marten Faber pakt syn keeperswanten wer op en Wietse Fopma hellet syn skuon wer út de wylgen!

Opboue
De measte saken foar dé wedstryd fan freed binne wol klear. Der moat allinnich noch ien en oar opboud wurde. Tongersdeitejûn om 19.00 oere geane wy los. Kom gerêst efkes del!

Programmaboekje sc Heerenveen – MVV
Foar sc Heerenveen – MVV is der in machtich moai programmaboekje makke wat freed by de yngong foar €1,- te krijen is. It wurdt op dit momint drukt by Van der Eems yn Easterein. It is ek wol handich om mei help fan it programmaboekje te te sjen welke spilers der meidogge, want sc Heerenveen hat der aardich wat.

Debút?
De kans is fansels grut dat keeper Erwin Mulder freed syn debút makket by sc Heerenveen yn Easterein.

SDS-jeugd nei SC Heerenveen – MVV!
Alle jeugdleden fan SDS dy ‘t SDS-keunstgerslotten ferkocht hawwe en bern út de SDS-Minileague, froulju fan Vr.1 en Vr.2 o/m 18 jier moatte foar freed harren kaartsje ophelle hawwe, want de lju by de kassa witte net wa ’t wol en net lid fan SDS binne.
De A’s en de B’s kinne harren kaartsje ophelje by:
Tjerk van der Pol, Geins 5, Wommels
De rest kin in kaartsje op namme ophelje by:
Willem Wijnia, De Homeie 27, Wommels
Douwe-Dirk-Reitsma, Smidslân 11, Easterein
Foar freed dus!


Foarferkeap SC Heerenveen – MVV
De foarferkeap foar SC Heerenveen – MVV rint as in trein. Je kinne kaarten krije by JUMBO Wommels, Camping de Finne yn Reahûs en by Douwe Reitsma, Smidslân 11 yn Easterein. Kaarten yn de foarferkeap koste foar folwoeksenen €8,- en foar bern o/m 14 jier €4,-.
De foarferkeap duorret oan ’t freed 12.00 oere!
Oan de kassa koste se €10,- en €5,-


Net sa fier fuort
SDS 1 moat dan wol foar de beker Fryslân út, mar foar de kompetysje hoefe sy net sa fier fuort:


Harsens derby (1525)
Soe Frans Munsterman ek noch sokke knappe passkes jaan op trainen?