Alles oer sc Heerenveen – MVV!

Weppers tongersdei 16-7
16 juli 2015
sc Heerenveen – MVV grut súkses!
18 juli 2015

sc Heerenveen – MVV
De foarferkeap duorret hjoed oan ’t 12.00 oere. De lêste dagen giet de kaartferkeap hurd en kinne wy gjin kaartsjes mear bydrukke litte. By de Jumbo yn Wommels binne net folle kaartsjes mear. Op = op!
Jûn by de kassa kinne je fansels altiten noch tagong krije tot de wedstryd. De kaartsjes koste dan €5,- foar jeugd oan ’t en mei 14 jier en €10 foar folwoeksenen.

Kom op tiid!
It kin jûn wolris drok wurde. Kom dêrom op tiid!
De wedstryd begjint om 19.00 oere. De bussen fan MVV en sc Heerenveen komme rûn 18.00 oere oan.

Parkere
Der kin net yn Easterein parkeard wurde mei de auto, want dan passe de bussen fan sc Heerenveen en MVV der net mear lans. Oan de kant fan Wommels kin yn it lân parkeard wurde lykas oan de kant fan Hidaard. Oan de kant fan Itens kin parkeard wurde by Vellinga ensfh. Der steane parkearwachten om eltsenien it paad te wizen.

Op ‘e fyts!
Wy riede eltsenien oan om op de fyts te kommen. It is moai waar en it skeelt ek noch in eintsje rinnen. Foar lju út Wommels, Hidaard, Reahûs, Turns, Lytsewierrum, Itens, Rien, Trijehúzen, Nijlân, Hartwerd, Britswerd, Wieuwerd, Hennaerd, Iens, Kûbaard en Skearnegoutum moat dit seker te dwaan wêze.

Yngong
De yngong is dizze kear net oan de kant fan de sporthal, mar oan de kant fan it doarp. De fytsen kinne wol by de sporthal parkeard wurde.

Net op it fjild
Der mei útsein de spilers fan MVV en sc Heerenveen foar en tidens de wedstryd net ien op it fjild komme. Eltsenien moat efter de omheining bliuwe.

Hantekeningen
Nei de wedstryd meie de bern it fjild op komme om in hantekening te freegjen. SC Heerenveen soarget der foar dat de bern hantekeningkaarten krije om hantekeningen te freegjen.


sc Heerenveen-klinik
De sc Heerenveen-klinik begjint om 14.00 oere. Alle bern hawwe in útnoeging krigen fan sc Heerenveen. De bern wurde om 13.30 op it fjild ferwachte. Kom yn fuotbalklean, want der kin gjin gebrûk makke wurde fan de boksen.


Frysk folksliet
Foar de wedstryd sil it Frysk folksliet spile wurde troch leden fan korps Wilhelmina en sjongt troch Folkert-Rients Vellinga.

Programmaboekjes
Der binne by de yngong programmaboekjes te krijen foar €1,- Hjiryn kinne jim û.o. de seleksjes fan sc Heerenveen en MVV werom fine. By MVV sil wat byskreaun wurde moatte, want sy hawwe nei it drukken fan it boekje noch wat testspilers fûn.

Kantine
De kantine is moarn foar tidens en nei de wedstryd ek iepen. Der is in oanpaste “menukaart”. Der mei allinnich bier dronken wurde yn de kantine en op it terras foar en tidens de wedstryd. Der mei gjin bier rûn it fjild, want dan riskere wy in dikke boete fan de KNVB.

Yn de rust
Yn de rêst nimme 5 C’s fan SDS penaltys op de keeper fan SDS 1; Jaap Toering. It soe op in jeugdkeeper fan sc Heerenveen, mar dy binne allegear op fakansje.

Miskien komt sy ek wol del yn de rust……..

Nei de wedstryd
Nei de wedstryd kin der yn en rûnom de kantine noch efkes it ien en oar oereide wurde. De spilers fan sc Heerenveen komme nei de tiid ek noch efkes yn de kantine om sop en in broadsje te iten. Sy krije dêr foar wat romte yn de kantine.

Opromje
De boel moat ek wer wat opromme wurde sneon. Dat sil barre fanôf 9.00 oere. Eltsenien is dan fan herte wolkom!



Letter miskien mear!