Weppers tongersdei 16-5

Weppers woansdei 15-5
14 mei 2013
SDS League: OZZY Rules kampioen!
16 mei 2013

Fan de ledenadministraasje
Willen de leiders na de laatste wedstrijd alle passen inleveren bij SDS? S.v.p. Inleveren in de bestuurskamer bij bestuurslid van dienst. Iedere zaterdag tot 1 juni is er een bestuurslid aanwezig.  
Bedankt,  ledenadministratie SDS

SDS D3 – SWZ D6
Justerjûn mei in strielend sintsje op in moaie gersmatte spiles de D’s út Snits en fan SDS in spannend potsje. Bij it skoft wie it 3-4, it waard noch 4-4, mar úteinlik gyngen de Snitsers mei de punten nei hûs.

SDS E3 – JV Bolsward E4   1-1
Op it B-fjild wie it tusken de beide ploegen ek in spannend potsje. Skoare wie lestich en sa waard it 1-1. In stik as wat foto’s kinne jim
hjir sjen.

SDS E1  – Oudega/HJSC E1 (of oarsom)
Dizze wedstriid soe us leste kompetysje wedstriid weze op sneon 25 maaie. Mar troch de slotdei  by Oudega/HJSC, woene dizze mannen de westriid fersette nei in trochdewiikse jun. By SDS koe dit net, dus hawwe we besluten om de wedstriid in Hommerts te spiljen. We wiene der hast allegeare;  we misten allinich spiler Sjors en lieder Ferry.  Fan de foariche wedstriid wisten we noch dat Oudega/HJSC in pear spilers hie die aardich snel wiene en hurd sjitte koene. Mar mei  Stijn op ‘e goal, Anco, Douwe-Jan en Tjerk efterien stie de ferdediging as in hus. Tjitse, Ruerd en Eeltsje wiene sterk op ’t middenfjild en Stan soarche foar in soad  gefaar foar de goal fan de tsjinstanner.  De ynset wie top, der waard fjochten foar eltse bal en it wie dan ek fertsjinne dat we healwei de earste helte op foarsprong kamen. Stan makke de 1-0.  Ek nei dizze 1-0 bleauwden we goed fuotbaljen. Efkes letter makke Tjerk de 2-0.  Oudega/HJSC kaam der ien kear gefaarlik ut, mar Stijn hie in prima redding. De twadde helte (faak net us beste helte),  wie no best genoch. De mannen fan SDS fuotbalden as kampioenen en Oudega/HJSC wie it spoar hielendal bjuster. We krigen kans op kans, sels foar in lege goal, mar de bal woe der net ien. Stijn moast noch ien keare rede, mar der waard net mear skoard.  Utslach 2- 0 foar SDS E1!!!!!!!! Grut kompliment foar de jongens, se hawwe  geweldich fuotballe!!!! 
Sneon de leste kompetysje wedstriid tsin SWZ.  At we die winne, en dat dogge we, dan eindigje we ek noch yn’ e middenmoat. Hwa hie dat toch in pear wike werom?
 
Nei  sneon ha de mannen van E1 noch ien utdaging. Se moatte spilje tsjin de MEMMEN. Neffens my binne  de MEMMEN al drok oan’t trainen. Dit spektakel is yn Reahus. Datum is tidens it tikjen fan dit stikje noch net definitief, dizze krije jim dizze wike te hearen.
Gr. Theo.

SDS B1 jûn los
B1 spilet jûn  thús tsjin Frisia B3. It spektakel begjint om 19.00 oere.

Stopje?
Sytze Kooistra fertrekt mooglik nei dit seizoen by SDS. Sytze sit troch de wike yn Arnhem en it wurdt hieltiten dreger om it te kombineren mei it fuotbaljen by SDS. No ’t hy hast klear is mei de oplieding krijt hy mooglik in baan yn Limburg en wol hy dêr ek fuotbaljen gean. Binnenkoart sille wy der fêst mear oer heare.

Oerskriuwe
De termyn foar it oerskriuwen foar fuotballers fan in oare klup nei SDS is 15 juny. Oarsom sil dit ek wol sa wêze.

Brûse
Ek Ribéry is der tige wiis mei dat der yn Easterein wer “gewoan”
brûst wurde kin………….

Spitich
Fûnen jim it juster ek sa spitich foar Benfica? Al 7 Europeeske finales efterelkoar ferlern…….. Dy Béla Guttmann dochs………. Hie der dit witten dan……

 
Harsens derby(1029)
Sa ’t wy juster al seinen is dit wier net de wike fan de keepers: