SDS League: OZZY Rules kampioen!

Weppers tongersdei 16-5
15 mei 2013
Weppers freed 17-5
16 mei 2013

It is “OZZY-rules” fan Hendrik Eringa dy ’t de SDS League wint. Hy pakt dit jier sa syn 3e stjêr neidat Ajax ek al kampioen wurden is en fansels de kuorkeballers fan Spannum.

OZZY hielendal út de skroeven

Hjir Hendrik syn opstelling:


“Veerkracht” fan Bauke Dijkstra lit him yn de lêste wike ek noch it twadde plakje ôfsnoepe. It is Grietzen Broersma dy ’t mei “Balletje, Balletje” dermei fan trochgiet. Opfallend, want yn de earste helte fan de SDS League soe Grietzen ek twadde wurde, mar waard hy yn de lêste wike noch fjirde.

Opfallend is ek dat de ienige twa Spannumers dy ’t meidogge beide yn de top 10 bedarre binne. “Munnaps” fan Bote Strikwerda is namelijk 6e wurden.

Heechste frou(lju) yn de SDS League binne op ‘e nij Jorine van Dijk en Imke van der Leest mei “JorImke”. Dat sy hjir sa bliid mei binne freegje wy ús ôf, want Dirk-Yde Sjaarda is heger eindige. It sil al skele dat Dirk de Jong ûnder harren eindige is.

De lêste wykpriis is noch efkes foar “Anne Steen op nr. 1”. Mei 46 punten bliuwt hy “Lollumer Stip” fan Thys Bruinsma krekt in puntsje foar.

Wiere leafde is ek te finen yn de SDS League. Sawol mei “Twa x op rige” as mei “Lovebirds” eindigt Marije de Vries op plak 22. “Lovebirds” is sy fansels tegeare mei Eeltsje Postma.

It is Sytze Kooistra dy ’t der fan troch giet mei de poedelpriis. Hy krûpt yn it lêste wykein krekt 2 puntsjes ûnder “Gerlof-Jan Servet”. Sytze hie op papier net iens sa ’n gek team, mar hy hie dit wykein wol in soad te lijen ûnder blessures en skorsingen. Syn team seach der sa út:
Mihaylov(TWE)
Van Dijk(GRO)
Van Eijden(NEC)
Van der Hoorn(UTR)
Kalas(VIT)
Maher(AZ)
Gudelj(NAC)
Strootman(PSV)
Cuenca(AJA)
Vilhena(FEY)
Djuricic(HEE)

Fansels binne der ek noch allegear kompetysjes ûnderling binnen de SDS League. Sa kinne wy melde dat Gerrit alwer wûn hat fan Jan, Sjoerd alwer fan Jaap, Gert-Jan alwer fan Floris en Jacob-Klaas op ‘e nij fan Erik. Dit sil sommigen fêst in kratsje bier koste hawwe.
Dêrneist kinne wy noch melde dat Jelmer sawol fan Gearard as Appie wûn hat en dat Dooitze wol fan Aant, mar net fan Willem wûn hat…………., mar dêr sizze wy fierder mar neat oer……


Oan ’t de folgende SDS League!


Sjoch hjir foar de einstân:
wike 12(einstân).