Weppers tongersdei 16-4

SDS League: Klusser pakt wer wykpriis!
15 april 2009
Weppers freed 17-4
16 april 2009

SDS 1 nei Wommels
Wy trene jûn yn Wommels op gêrs.
Fertrek efkes foar 7en út Easterein.
We klaaie us om bij SDS en douche us der nei ofrin ek.
Dus eltsenien graach op e tiid oanwesich.
Groet
Dick

SDS 3 op wei nei liifsbehâld.
Sjoerd van Beem skriuwt altyd it ferslach fan SDS 3. Dat docht hij meast op woansdeitemiddei tinke wij.
Foarrige wike moasten we tsjin de kampioen; de Sweltsjes út Koudum.
Nei’t we de 1e helte wûnen mei 2 – 1, ferlearen we de 2e mei 1 – 5…..in grut ferskil hear ik jim tinken en dat is ek sa.
Yn de oanrin nei de (alwer) krusiale wedstryd tsjin CVVO ha wy ús foaral fêst holden oan de 1e fan de sakrekt beskreaune 2…….
Krekt as ús hienen de mannen fan CVVO betocht om fanôf it begjin der ‘op te klappen ‘.
Der waard striden foar eltse meter. Dat hie ta gefolch dat it fuotbal net altyd like moai, mar al spannend wie.
Nei san 20 minuten waard de ynfloed fan it waar sichtber, de gang gong der wat út en byld fan de wedstryd neigde sa no en dan nei ‘ zomeravondvoetbal ‘. Yn de 1e helte foel der dan fjirder ek net in soad te genietsjen foar de neutrale taskôger.
Nei de te bleaun it lang sa troch gean, oant in kertier foar de ein, doe’t wy it tempo langsum mar seker op skroeve koenen. De Lemsters waarden sichtber wurger en wienen klear foar de sprekwurdelike slacht.
Mei troch goed keeperswurk en in fizier dat net hielendal skerp stie, duorre it lang foar’t we de befrijende goal meitsje koenen.
It wie yn de 89e minút dat Mark dan einliks de 1 – 0 yn it netsje pielde en 3 wichtige punten feilich stelde.
Mei noch 3 wedstriden te gean, ha we 7 punten foarsprong op de ûnderste 2 ploegen. Dit binne de plakken dy’t degradaasje ta gefolch ha.
Kommende sneon nei Warkum 2. Forza SDS3, de beuk der yn!
Groetnis, Sjoerd.

Voetbal 21
De Voetbal21 computer voorspelt elke woensdag de uitslagen van de wedstrijden van het aankomende weekend. Op basis van de stand en statistieken voorspelt Voetbal21 dat de uitslag van SDS Za1 – Olymp.28 Za1 dit weekend zal worden: 1 – 1.

AZ-limericks
Wy fûnen it wol in aardich idee (klik
hjir).

Aardige goal
Fan dit soarte goals krije wy nea genôch:



Letter mear!