Weppers woansdei 15-4
15 april 2009Weppers tongersdei 16-4
15 april 2009It is dizze wike op ‘e nij “Klussen is mijn leven” dy ’t der mei de wykpriis fan troch giet. Ate Feike de Boer wit net wat him oerkomt en tinkt deroan syn baan op te sizzen om him folledich op de SDS League te rjochtsjen. Wy riede dit ôf en tinke dat der altiten noch better klussen gean kin. En dan hawwe jim Ate noch nea klussen sjoen……..
It peaskewykein wie dúdlik foar de Postma’s. De iene skoorde by SDS 2 en de oare by SDS 3. No steane sy ek noch tegeare boppe-oan yn de SDS League.
De Haitsma’s reitsje bûten de top 10 en binne op it heden wat stil. Mei “Vakkie 13” op plaknûmer 13 hawwe sy harren plakje aardich fûn.
By twa oare broers liket it wat in status quo. “Peppi & Kokki”(Tom & Pieter Wijnia) steane al 2 wiken 35e, pakten foarige wike 35 punten en dizze wike (ien kear riede!)……………….wer 35 punten.
Jan van Asselt hat it lêste plak oernommen. Mei “Fyn sân” stiet hy 2 punten los.
Sjoch hjir foar de nijste stân: wike 8.