Weppers freed 17-4

Weppers tongersdei 16-4
15 april 2009
Seleksjes sneon 18-4
16 april 2009

Moaie skuon
Ferline wike diene wij in oprop oan de heit en mem fan Gerlof Jan foar nije fuotbalskuon. Wij kinne melde dat it foarelkoar is. Gerlof Jan hat (no noch) moaie wite skuon. Binne der mear dy’t help nedich hawwe foar wat nijs, mail it ús!

Abraham?
Wa h
at op ‘e holle hast gjin hier.
Drinkt leaver bb cola dan bier.
Hat lans de line in soard fertier.
En wurd hjoed 50 jier????
DDR fansels
Lokwinske troch: Jet, Janna, Gerbrig, Foeke

Fan herte lokwinske
Fansels winskje wy Douwe Dirk Reitsma ek in hiele noflike 50e jierdei ta. Wa ’t him ek lokwinskje wol kin hjir klikke.

SDS F1 hyve
Ek SDS F1 hat no in eigen Hyve-side. Freegje Jan Sytsma as je ek lid wurde meie(klik
hjir).

Seleksjes
Letter hjoed kinne jim hjir de seleksjes foar moarn besjen. Der binne genôch fuotballers beskikber, want SDS 2, 5 en 6 hoefe net te fuotbaljen.

WK Fjild
Nei oanlieding fan ut folgende berjocht  SDS 1 nei Wommels d.d.  16 april 2009(www.vv-sds.nl)  is der in spoedberie belein troch de Rie Fan Commissarissen fan it Wommelser Kampioenskip(WK). Nei in koart mar pittich oerlis wie ut beslût al snel boppe tafel. Deselfde deis is ut beslût nog fentileert nei de oandielhâlders fan it WK welke op harren beurt metien unaniem akkoord binne gean en dermei ek per direct inkele statutenwijsigings trochfoert hawwe.
It beslût leit d.d. 17 april foar de directie en undergetekende en ik kin jim earliik sizze dat it ûs net yn de kâlde klean is gean sitten. Foardat wij enkele beslûten iepenbaar kinne meitsje hawwe wij de gemeente Littenseradiel(eigenar/beskermhear fan ut sportfjild) besocht om harren meiwurkjen te ferlienen. Fanôf 21 april kinne de (in)directe gedupeerden dan ek te plak bij ut iepenbar protest loket fan ut gemeentehûs fan Wommels.
Wij fertroue derop dat wij de betrokkenen fia de berjocht yn earste ynstantie foldwaande hawwe ynformeert. Foar mear ynformaasje of eventuele fragen kinne jim te plak bij undergetekende of Bloemsierkunst de Vlinder…….
Hoogachtend,
Hendrik Engbrenghof
Statutair algemien directeur WK
Kvk: 3454664455 Gezamelijk/Zelfstandig bevoegd

Mist berjocht
Bote Strikwerda hie juster mar ien taak op trainen en dat wie Mark Postma dekke yn de partij. Hy die dit knap en Mark kaam der net oan te pas. Op it lêst ferslapte Bote wat en stapte hy foar Mark dy ’t mei de bal oan de foet Bote efter him liet en skoarde. Doe ’t Bote nei it trainen ien mist berjocht op syn mobile tillefoan hie wisten wy dan ek wol it berjocht:
“Ik stean efter dy,
Mark”.

Nije baan
Jerrel Hasselbaink hat in nij baantsje fûn. Nei û.o. spile te hawwen foar Chelsea is hy no kommentator by Sky Sports. Hjir jout hy kommentaar by Chelsea – Liverpool fan ôfrûne tiisdei. Hy hat dúdlik mear mei Chelsea as Liverpool: