Weppers freed 15-6

Weppers tongersdei 14-6
13 juni 2012
Slachteweppers
15 juni 2012

SDS 1 derop út!
Hjoed hat SDS 1 syn jierlykse útsje. De hiele A-seleksje en Feite wurde om 17.00 ferwachte op it keatsfjild fan Wommels. Wat sy dwaan gean is fansels noch in ferrassing. Eltsenien moat wol de barbekjoeklean en de fuotbalkeatsklean meinimme.

SDS EK-League
De SDS EK-League hat der 14 wedstriden opsitten. Sjoch
hjir foar de aldernijste stân(gean nei “vv SDS” en druk op “stand”).
Anne Stenekes docht it mar knap mei syn “Anne Steen op nummer 1”. Hy stiet noch altiten boppe-oan yn de SDS EK-League en yn de hiele stân oer sa’n 1600 dielnimmers stiet hy 6e. It nivo yn de SDS EK-League leit dus heech genôch.
“Frysk damjen is oars” as de SDS-EK League ynfulle mei dúdlik wêze, dus Jelle Wiersma stiet noch ûnderoan.

Prizen SDS EK-League
It prizenjild foar de SDS EK-League sjocht der krekt sa út as 4 jier lyn:
1e priis: €100,-
2e priis: €75,-
3e priis: €50,-
4e priis: €25
Poedelpriis: €5,-

Nije Treffer
Foar de simmer hoopje wy noch ien Treffer út te bringen. Yn dizze Treffer wole wy graach fan alle SDS-teams in ferslachje hawwe oer it ôfrûne seizoen. It hoecht net sa lang. Wy wolle de stikjes graach sa gau mooglik hawwe. Mail de stikjes nei DeTreffer@vv-sds.nl.
Leiders en âlders: klim yn de pinne!!
Oan ’t no ta liket it net in dikke Treffer te wurden……………………..

Jierdei
Gerrit Kooistra hat hjoed syn jierdei. 19 jier is hij wurden. Hij wurdt lokwinske troch syn heit, mem, syn broers, syn omkes, syn muoikes, syn buorfamkes, syn fuotbalfreonen, de boargemaster, Bert van Marwijk en troch ús.

Efkes Balje
Jûn om 19.30 Efkes Balje op it sportfjild yn Wommels. Efkes oefenje mei ien kontroleur,  twa hiele djippe spitsen en gjin ego’s.

Slachtedravers en -rinners
Wij winskje al dy slachtedravers en slachterinners sneon in hiele moai draaf- of rintocht ta. Wij kinne helaas net meidwaan, al hoe graach wij dat ek woene.

Harsens derby(788)
Spesjaal foar Eeltje Postma hjoed efkes in poepke út de âlde doaze:



Letter miskien mear!