Weppers tongersdei 14-10

WK-Bootcamp-film!
13 oktober 2010
Seleksjes sneon 16-10
14 oktober 2010

Meinte Sixma Toernoai

Talinten fan SDS

Fanôf hjoed kinne jimme jim opjaan bij

Hans van der Schaar

schaarha@znb.nl

0626785381

skilje tusken 18:00 & 20:00 oere

SMS mei ek.

Tongersdei 21 slút de inskriuwing

Ferjit net te melden yn welk team asto sitst!

Programma 16 oktober
Foar sneon stiet der wer in hiel wedstrydprogramma op stapel. Sjoch hjir mar ris.

Maaike Jeltsje

Wilma de Pundert  (SDS Da2) en Johan Klaas Schokkenbroek binne sûnt 9 oktober de grutske âlders fan dizze moaie dochter: Maaike Jeltsje.
Neffens de âlders en sus Fenna “een nieuw voetbalsterretje”.
Fansels de lokwinsken ek fan ús.

Droptrofee

Bij E3 oefenje se ien kear yn de moanne op strafskoppen. Op it grutte doel en ûnder grutte druk moat der skoard wurde. Want in strafskop misse betsjut net mear meidwaan. Senuwen teisterje de mantsjes, want se wolle allegear de droptrofee winne. Falco Jellema waard juster de winner en syn beslissende strafskop wie bysûnder moai : snoeihurd yn de boppehoeke.
Falco mei dizze moanne de bus drop leechite of ferdiele.
Foar in folgende kear komt doelfrou Tarina Veenje fan Da1 it doel ferdigenjen.

“Nij” gesicht
Ôfrûne tiisdei wie der in “nij” gesicht te sjen op it trainen fan SDS 3. No ja, in nij gesicht? Sybren Nauta spile 2 jier werom foar it lêst yn SDS 2, mar stoppe doe y.f.m. syn wurk. No wol hy it dochs stadich oan wer wat oppakke en traint earst sa no en dan mei.
IMG_6940[1].jpg

VI-kwis
By de VI hawwe sy wer in alderaardichste kwis. Dit kear in South-Park-kwis, Sjoch hjir mar ris.

Harsens derby (314)
Miroslav Klose fan Bayern München rekke fan ‘e wike blesseard yn de wedstryd fan Dútslân. Der siet seker noch in hurd stikje yn…………..