Weppers freed 14-9

Weppers tongersdei 13-9
12 september 2012
Seleksjes sneon 15-9
13 september 2012

SDS A1
Wolle jim moarn wol om 8.45 oere yn de boks wêze?


SDS 5
Sij hawwe sneon wer frij, omdat de tsjinstanner te min spilers hat. Dêrtroch produsearden sommige spilers fan
SDS 5 terjocht op twitter teloarstelde berjochten, want nei twa seizoenen fol leed en lijen begjint it lijen no al wer. Gelokkich giet it Greidhoekfestival wol troch.

SDS 4
Sij bliuwe op 0 punten stean út 0 wedstriden. Wer seit in tsjinstanner ôf (CVVO 6) omdat se te min spilers ha.
  Gelokkich giet it Greidhoekfestival wol troch.

SDS 4 – SDS 5
At de tsjinstanners net mear fuotbalje wolle, dan wurdt it in ynterne kompetysje, soene je hast sizze. Mar de oefenwedstriid fan SDS 4 en SDS 5 giet moarn net troch, hawwe wij trochkrigen.

Efkes Balje
Miskien leit der in kâns foar djip teloarstelde spilers en leafhawwers fan SDS 5, om jûn om 19.30 oere Efkes te Baljen. Der binne in oantal fêste minsken net dus fan herte wolkom.

Doch ek mei oan de nije SDS League!
Jim kinne jim wer ynskriuwe foar de SDS League. Je team moat ynlevere wurde foar kommende sneon 15 septimber 18.30. Dat moat slagje tochten wy sa!
Hjir kinne je je team gearstalle en hjir kinne jim alle ynformaasje fine.

SDS 1
Wij binne allegear benijd at SDS de goeie wedstriid fan ôfrûne sneon in ferfolch jaan. Yn al wer in thúswedstriid meie se it opnimme tsjin “
de gezelligste  vereniging van Smallingerland” .

Op de foto
Sneon sille de fotograven Bauke of Douwe de folgjende alvetallen op de foto sette:
D2, A1, C2, SDS 4, SDS 1

Programma foar maorn
Jim kinne hjir it programma foar moarn sjen.


Fan herte lokwinske!
Bauke Dijkstra is hjoed jierdei! Fan herte lokwinske! Hy wurdt hjoed 24 jier. Of sa as hy sels seit: ëindelijk in kratsje fol”!

Fan herte lokwinske(2)
“SDS-Bunnik-sider” Daan Boersma wie juster jierdei! Fan herte lokwinske! Hoe âld hy wurden is wit allinnich syn beste freon Johan Cruijff, mar it sil wol iets fan 2 kratsjes fol wêze……

Pupillen fan de wike
15 septimber: SDS 1 – ONT 1
Stan Korbach (E1)
Tjitse Postma (E1)

Harsens derby(838)
Sa kinne je ek probearje in bal tsjin te hâlden:


Letter miskien wol mear!