Weppers tongersdei 13-12

Weppers woansdei 12-12
11 december 2012
SDS League: Sytsinho pakt de wykpriis!
13 december 2012

A-seleksje
As der no jûn traind wurdt of net, de mannen fan de A-seleksje wurde jûn om 20.00 allegear ferwachte om de earste helte fan it fuotbalseizoen ôf te slúten.
Mei de freonlike groetnis fan Dhr. De Blaauw.

B & C seleksje
Der is jûn gjin trainen.
Ôfrûne tiisdei binne we nei de sportskoalle yn Wommels west. Ûnder lieding fan Pytrik ha we mei in oar lekker switte kinnen.
Spesjale gast Erik H. wie ek tige tefreden.
Mooglik moatte we sneon noch nei Minnertsgea te baljen.
Nije wike tiisdei om 20.30 geane we wêr nei de sportskoalle, dernei winterstop.
Groetnis,
Marco

A1
SDS A1 hat jûn gjin trainen.
Mvg,
Christiaan

C2 traint op it MFT
C2 traint vanavond op het MFT dus geen voetbalschoenen mee maar sportgympen !!!
Tot jûn!
Pieter de Boer

A.Hak sealtoernoai foar D-pupillen en famkes
Hoi D-pupillen (en famkes fan 2001 en 2000),
Sneontemoarn 15 desimber wurdt yn sporthal de Greidhoeke it A.Hak sealtoernoai spile.
Fia dizze link kinst dy opjaan.
Do
dochst dochs ek mei!!!
Namens de jongerein kommisje
Hans v/d Schaar 06-26785381


SDS League

Yn de rin fan de dei kinne jim hjoed de nijste stân fan de SDS League hjir ferwachtsje.

Sealtraine
De mannen fan C1 hawwe fannemiddei fan 17.00 oan ’t 18.00 sealtrainen fan ien fan de wepmasters. De wepmaster sûnder burd sil sjen as hy de mannen wat sealfuotbalkneepkes bybringe kin.

Harsens derby(911)
Sommige spilers kinne better gjin hakjes dwaan: