Weppers freed 12-9

Weppers tongersdei 11-9
10 september 2008
Seleksjes sneon 13-9
12 september 2008

Min nijs
Foar de SDS dames hawwe wij min nijs. De wedstryd tsjin Blauw Wit Da2 giet net troch. Yn Ljouwert binne te min froulju(!). Neffens it berjocht geane se de kompetysje út. Ferline wike moast SDS Da tsjin YVC, dy wedstryd gie net troch endy froulju binne ek al út de kompetsyje…….

Goed nijs
Foar de froulju en de famkes goed nijs. Sneontemiddei om 13.30 is der in oefenwedstryd op de Skoalleseize. En omdat SDS 2 dêrfoar spilet en SDS 1 dêrnei is der fêst in protte publyk.

Min nijs (2)
SDS 5 moast sneon ek tsjin Blauw Wit. Ek dy wedstryd giet net troch. De Goutumers (!)hawwe doarpsfeest en dat is yn de belibbenis fan dizze spilers fan Blauw Wit wichtiger as fuotbalje tsjin de feteranen fan SDS. Bij de SDS-ers sjogge  se dêr oars tsjin oan. Ferline wike liet Roodgeel it ôfwitte en no Blauw Wit. SDS 5 hat it hielendal hân mei kleurenklups.

Goed nijs (2)
Ek foar de feteranen is der goed nijs. SDS 2, de froulju en SDS 1 spylje thús en de kantine is iepen.

Min nijs (3)
Wa’t de seleksjes foar sneon witte wol, moat hjoed lang wachtsje. Der binne safolle spilers beskikber, der moat dus earst goed kommuniseard wurde mei elkenien, om foar te kommen dat sommige beslissingen fia ynternet bij de minsken te lâne komme. Wy hoopje de seleksjes om 19.00 melde te kinnen.

Goed nijs(3)

Justerjûn hat Aant Hofstra it earste eksemplaar oerhandige krigen fan de AANT. Oftewol it ôfskiedsnûmer fan de Treffer foar Aant dy ’t nei foarich seizoen stoppe is as lid fan de Trefferredaksje. It goeie nijs derby is dat jim dizze Treffer dit wykein ek op de matte ferwachtsje kinne tegeare mei it bewarnûmer fan de Treffer.

Ferrassend nijs
Foarige wike wie it hiel ferrassend dat Tseard Halbersma net mei SDS 1 mei wie nei vv De Weide. Hy siet yn Spa by de Formule 1(wêr ’t de sneins hiel ferrassend Hamilton net wûn). Hjoed kamen wie hiel ferrassend in foto fan Tseard tsjin yn de Op ‘e Skille:

Wat foar ferrassing soe Tseard moarn yn petto hawwe?

Goedkeap nijs
Gerrit Terpstra hong foarich jier syn fuotbalskuon yn de beam nei in swiere blessure. No ’t it fuotbalseizoen wer begjint, en it mei Gerrit syn knibbel wol knap giet, begjint it dochs wer te krybeljen. Hy soe de skuon út de beam fiskje doe ’t hy in knappe oanbieding op Marktplaats seach. Adidas fuotbalskuon as nij fan echt kangarooleer foar mar €30,- . Hy hat se juster foar it earst probeare en wy moatte sizze hy sprong deroer.


Goed nijs(4)
Tinus Hoekstra is hjoed jierdei. Wy winskje him in hiele noflike dei ta en noch folle jierren yn sûnens derby. Jim kin him lokwinskje troch hjir te klikken en efkes wat aardichs te mailen.

Nijsgjirrich nijs
Yn 2006-2007 sieten SDS en Heerenveense Boys ek bijeelkoar yn de klasse. Doe spilen se twa kear gelyk. In
folslein oersicht fan de twa klups kinne jim sjen op it wykoersicht fan Voetbalnoord

Grappich nijs
Floris Hiemstra, dy’t net bekind stiet as in trainingsbist, die tongersdeitejûn in opmerklike úspraak: “Ik haw yn jierren net sokke moaie trainingen hân en sa lekker traind.”
Wêrop sweager René seit: “Dat is moai mar dy oare jierren wiest tenminste wol wedstrydfit” 

Lieders of lijers nijs
De oprop om Stoffel op it trainen te krijen, levere in reaksje op fan de lieder dy’t juster de hiele dei yn de holle dwaande west hat mij seleksjes, opstellingen, skema’s ensf. en dy’t om 21.00 oere it berjocht krige dat SDS 5 net troch gie, wêr’t Stoffel him fansels Blauw Wyt oan ergere:
Der wurdt wakker in oprop dien om Stoffel op it trainen te krijen mar soe hy dit ek dwaan? 
As earste is hy (Stoffel) syn grutte earste man as lieder (Eddy) kwyt en moat tongersdeitejûn besykje om it komplete team byelkoar te hâlden en net ien ôf te stean oan it earste/twadde want der moat perfoarst fuotballe wurde en wol yn de opstelling fan Skylge (om te begjinnen sei Eddy en ja, dêr moat ik my mar yn fine)
Eddy is der sels sneon ek net dus dit wurdt in drege dei foar de twadde lieder!
Wêrom miskien ek net, der sille wol fiif en tweintich jonge hûnen op it fjild stean dy op alles skoppe wêr ûngefear de bal is en wêr moat de mol dan hinne? Under de grûn?
Hat hy wer betide tsjinst en moat hy wer healwei fjouweren op ‘e fyts?
 
Letter mear want ik moat no nei de kantine!

Stoffel


Min nijs(4)
Dat wurdt jûn gjin
SC Heerenveen – Heracles sjen:



Goed nijs (5)
Der komme hjoed noch wol mear weppers.