Weppers woansdei 10-6

Weppers tiisdei 9-6
9 juni 2009
Weppers tongersdei 11-6
11 juni 2009

Oerskriuwingen
Tige nijsgjirrich ûnderdiel fan de side fan Voetbal Nederland is it oersicht fan spilers dy’t nei in oare klup geane takem seizoen. Nijsgjirrich om te sjen hoe’t klups as Eems Boys samar wer 5 spilers ferlieze oan Farmsum, hoe’t in klup as PKC meardere spilers ôfstiet oan Dio Groningen en hoe’t Black Boys yn Snits yn stân holden wurdt troch trije oerskriuwingen fan WPB spilers. Sjoch
hjir en sjoch dêrnei bij speler. Neist de spilerswikselingen is dêr ek moai te sjen wa’t de profinsjale topskoarder wurden is.

Oerskriuwing(2)
Tusken de oerskriuwings komme wy ek noch in âld-SDS’er tsjin. Per Kampman spile in blauwe moandei by SDS en gie dêrnei nei vv Sneek. Dêrnei spile der by LSC en no by Leeuwarder Zwaluwen. Kommend seizoen sil hy it by FC Meppel probearje.

Slidings
Mei it meitsjen fan slidings moatte je goed útsjen yn Drinte. Foar de rjochtbank tsjinnet in proses tsjin spiler fan
Rolde.

Oare kwaliteiten
De SDS’ers blonken ôfrûne sneon net út yn fuotbalkwaliteiten, mar bliken wol degelijk oer oare kwaliteiten te beskikken. Wat tochten jim fan de akrobatyske kuensten fan Jelmer?


Lokkich genôch hienen de SDS’ers sels ferpleechkundich personiel meinommen:

Sjoch hjir foar mear foto’s fan it 5 tsjin 5-toernoai fan Oeverzwaluwen..

WK
Jûn om 19.30 sil der wer in WK plakfine op it skopfjild fan Wommels.

Sliepferwekkend?
Moandei koenen jim hjir de nije klip fan Freddy Scheltema besjen. Neffens Freddy die in soad minsken de klip goed:
De reakties op de saaiste klip aller tijden binne hartverwarmend. Ien mailde mij dat hij nog nea sa lekker sliept hie. It skynt perfekte sliepmedikatie te wêzen want in oar mailde dat hij normaal in pear neuten foar it sliepen naam mar no efkes it klipke besiket.
Mochten jim fannacht dus net sliepe kinne, probearje dan dit(klik hjir).

Yes!
It is spitich fansels as der in spylster blesseard fan it fjild moat. Dizze reservespylster dy ’t it fjild yn mei is der oars mar wat wiis mei:


Nijs?
Mail it nei
info@vv-sds.nl!