Weppers tongersdei 11-2

Weppers tiisdei 9-2
9 februari 2016
Seleksjes sneon 13-2
11 februari 2016

Kantine
Fansels is jûn de kantine ek wer iepen. SDS 1, 2 en A1 hawwe trainen en sjogge dêrnei noch efkes by Sytse Hibma yn de kantine dy ’t alfêst de moaiste muzyk útsocht hat.

Start jeugdkompetysjes
De jeugdkompetysjes starte wer op sneon 5 maart. Dit is de lêste sneon fan de foarjiersfakansje.

Nije jeugdkompetysje-yndielings
De nije jeudkompetysje-yndielings binne makke. De KNVB hat se allinnich noch net bekend makke. Sa gau as wy wat witte kinne jim se hjir lêze op de webside.

Keunstgers
Juster is der wer in gearkomst west oer it oan te lizzen keunstgersfjild by SDS. Dit ek om te sjen wat der efentueel dien wurde kin oan selswurksumheid. Nije wike sille sy wer mei Antea om tafel om spikers mei koppen te slaan.


Ferhuze
Net dat it de measten wat útmakket, mar de KNVB woe dochs graach dat wij
dizze link op de side setten. De KNVB is nammentlik ferhuze fan ít Hearrenfean nei Swol.

De nije SDS-League
Doch ek mei oan de nije SDS-League en lever je team yn foar sneon 20 febrewaris 19.00 oere! Klik hjir om der alles oer te lêzen en it ynskriuwformulier del te heljen. Jûn en sneon sille der ek eksemplaren yn de kantine lizze.


Louis van Gaal stapt op?
Louis van Gaal stapt heechstwierskynlik op as coach fan Manchester United. Út ûnbetroubere bron hawwe wy fernaam dat ek hy alles op alles set om de SDS-League te winnen…….; “I set everything on everything to win the SDS-League!”

Van Gaal hat syn ynskriuwformulier sa goed as ynfuld