Weppers tiisdei 9-2

De nije SDS-League!
9 februari 2016
Weppers tongersdei 11-2
9 februari 2016

Gjin trainen
Der kin hjoed net yn Easterein op de fjilden traind wurde. Se binne te wiet.

Programma
Kommende sneon 7 wedstriden op it fjild. Fansels at it gjin winter wurdt. It programma kinne jim
hjir sjen.

Woansdeitejûn gjin sealfuotbaljûn
De sealfuotballers fan SDS soenen woansdeitejûn yn Koudum fuotbalje tsjin Oeverzwaluwen 2, mar de wedstryd is troch de KNVB útsteld.

Sealtraine
SDS 3 en 4 traine woansdeitejûn fanôf 20.30 oere yn de seal yn Easterein. Allegear efkes opjaan by Arjan Hallema. En woansdeitejûn efkes in eurootsje meinimme.

Lokwinske!
Jan Stenekes is hjoed jierdei! Wy winskje him by dizze in hiele noflike dei ta! En in bult hout! Lokwinske!

De nije SDS-League
Doch ek mei oan de nije SDS-League en lever je team yn foar sneon 20 febrewaris 19.00 oere! Klik hjir om der alles oer te lêzen en it ynskriuwformulier del te heljen. Tongersdei sille der ek eksemplaren yn de kantine lizze.


Henk de Jong stapt op
Henk de Jong stapt hjoed op as trainer by sc Cambuur. Wy tinke dat hy alles op alles set om de SDS-League te winnen…….

SDS-ers der op út
Neffens ús betroubere ynfo binne der ek dit wykein wer wat SDS-er op paad nei in bûtenlândske wedstriid. Op de tribune yn Barcelona sitte tidens de wedstriid tsjin Celta de Vigo op sneintejûn de B2 spilers Rients de Boer en Hedzer Brandsma. De jonges geane mei harren heit op stap. Sij hawwe in kaartsje útsocht mei
dit priisfilter.

Alderaardichst


Harsens derby (1669)
Jan Stenekes hat in hiel soad hout op de jierdei frege en fuotbaltrúkjes foar yn de seal. Wy bin benijd as hy de trúkjes woansdei meinimt te sealfuotbaljen.