Weppers woansdei 9-7

Weppers moandei 7-7
6 juli 2008
Weppers tongersdei 10-7
9 juli 2008

Leider/flagger
It frouljusteam fan SDS is noch altiten drok op syk nei in leider foar folgend seizoen. De wedstriden binne sneons om 14.30. Ek sykje de froulju noch in flagger. Wa ’t belangstelling hat kin kontakt opnimme mei Anke van Asselt(klik hjir).

SDS-ers yn Nijlân
It wie tiisdeitejûn in noflik skouspul. Nijlân spile tsjin Cambuur. It waard in 0-9 einstân. Wij seagen in hearlik fuotbaljende Sander van der Heide mei in protte “ien kear reitsje” ballen en wij seagen yn de twadde helte in spits fan oardelmeter grut, dy’t 4 kear skoarde en in echt Volendamse namme hat: Tol.
En fansels seagen wij ek in protte SDS-ers dy’t al sin hawwe om nei fuotbal te sjen.

Teamyndielingen senioaren
Justerjûn wie der yn de kantine in gearkomst oer de teamyndielingen fan de senioaren fan SDS foar folgend seizoen. Binnenkoart kinne jim de nije yndielingen hjir op de webside sjen.

“Nij” lid
SDS hat der wer in “nije” keeper by. Klaas “Klinker” Kamstra hat him justerjûn oanmelden as nij lid. Klaas hat yn it ferline ek jierren by SDS keept. Hy hat de fuotbalskuon en de keeperswanten út de beam fiske en is der no al hielendal klear foar.

SDS EK-League
De kosten foar de SDS EK-League(€5,-) binne dizze wike by alle dielnimmers ôfskreaun. De priiswinners kinne no op fakansje, want it prizenjild is ek lyk byskreaun by de winners.

WK
Tongersdeitejûn wurdt der yn Wommels wer fuotballe op it fuotbalfjild. Om 19.30 giet it oan.

Moaie lotting
Juster waard der lotten foar de earste 2 ronden yn it KNVB-bekertoernoai(foarhinne Amstel Cup…..). ONS moat yn de earste ronde tsjin De Bataven en efentueel yn de twadde ronde tsjin Excelsior. Ajax hat it yn de twadde ronde lyk dreech tsjin FC Utrecht. PSV hat it dreechste lot. Sy moatte yn de twadde ronde lyk tsjin ……….PSV 2…..

Ajax beurs kwyt?
Op de webside fan Wommels stiet dat ien syn Ajax-beurs kwyt is. De beurs wie leech……. Wy tinke dan ek dat der nei de oankeap fan Suleymani yn it Abe-Lenstra-stadion lizzen bleaun is(klik hjir).

Foaroardielen



Oer de soarte fan muzyk bij Wâldrock kinne je fan miening ferskille. Oer it soarte fan minsken kin gjin misferstân mear wêze. Boppesteand artikel stie sneon yn de Ljouwerter Krante. Wij binne it der folsein mei iens. Dat it ek foar lange burden jildt, nimme wij foar it gemak mar efkes oan.

Troch de grûn
Je steane mei 2-1 foar en krije 4 minuten foar it ein in penalty tsjin. De keeper pakt de bal en dan bard der dit….. Je kin wol troch de grûn hinne sakje……



Moarn mear!