Weppers tongersdei 1-6-2023

SDS-League: Thys Bruinsma wint mei ‘Hatseflatse’ de titel!
31 mei 2023
Op nei de slotdei foar de jeugd! Ek foar dy fan de JO17 en de JO19.
2 juni 2023

Peter Hoogerwerf werom nei SDS

Peter Hoogerwerf hat witte litten dat hy wer by SDS fuotbaljen komt. Hy hat 1 seizoen by vv Heerenveen 1 balle, mar wol graach wer mei syn maten yn SDS 1 balje. Hjir binne wy tige wiis mei.

Pechfûgel

Jentsje Jorritsma fan SDS 5 wie sneon de grutte pechfûgel. Yn de alderlêste minút fan it seizoen út by Workum 4 foel hy op syn pols. It like foarearst mei te fallen, mar hy gie de folgende deis dochs mar efkes nei de dokter. Hjir die bliken dat de pols stikken is. Wy winskje Jentsje in soad betterskip ta!

Barbekjoe betelje

Wa ’t sneon de SDS-barbekjoe noch net betelle hat dy kin dat hjir dwaan. It koste 10 euries.
Betelfersyk Rabobank: https://betaalverzoek.rabobank.nl/betaalverzoek/?id=7tBnS5v4TYyapW_m03rqFg

In lyk man is in ryk man.

SDS 2 slút seizoen ôf

SDS 2 slút it seizoen jûn mei syn allen ôf. Trainer Samir soarget foar de hapkes en de snapkes.

Douwe Posthuma nei Be Quick 1887

Ald-SDS-trainer Douwe Posthuma wurdt folgend seizoen assistint-trainer by Be Quick Grins (sneins). Oftewol de klup fan Arjen Robben. Be Quick sit yn de neikompetysje en kin noch nei de 3e-Divisie promofere. Douwe wurdt assistint fan Paul Matthijs dy ’t earder by FC Groningen fuotballe hat.

Opmerkelijk

Ald-SDS-trainer Dick Schuurman waard ôfrûne sneon kampioen fan de 3e-Klasse A mei sc Bolsward. Dick hat yn syn trainerskarriëre no 3 seizoenen trainer west yn de 3e-Klasse en is alle keren kampioen wurden. Yn 2005-2006 mei Oeverzwaluwen, 2011-2012 mei vv Heerenveen(sneins) en no dus mei sc Bolsward. Tige lokwinske noch!

Harsens derby (2171)

‘Tikkie werom, Jaap!