Op nei de slotdei foar de jeugd! Ek foar dy fan de JO17 en de JO19.

Weppers tongersdei 1-6-2023
1 juni 2023
Slotdei jeugd tige slagge!
5 juni 2023

Slotdei jeugd oant en mei de JO13

Moarn organisearret de jeugdkommisje fan SDS wer de jierlijkse slotdei. De ynrin is fanôf 9.15 oere en duorret oant in oer as 13.00 oere. De organisaasje hat ek dit jier wer in alderaardichst programma ynelkoar draaid en der binne alderaardichste prizen te winnen. Wa kin der dit kear it hurdst sjitte? It wurdt moai waar dus it kin no al net mear stikken. Mar leafst 80 bern hawwe harren al opjoen.
As haadakt komt der in freestyle-fuotballer. Hermen Voerknecht is mar leafst de nûmer 2 freestyler fan Nederlân. Hy sil mei de SDS-jeugd oan de slach om se de alderfetste moves te leren. As slotstik sil hy sels syn alderfetste moves sjen litte.

Slotdei SDS JO17-1

De jeugd fan SDS JO17-1 slút it seizoen ôf yn Aldehaske. Sy dogge dêr moarn mei oan in toernoai. Dit begjint om 9.00 oere en duorret oant in oer as 13.00 oere. Dizze teams dogge allegear mei:

  • SDS/Nijland JO17-1
  • De Blesse JO17-1
  • Heerenveens Boys JO17-2
  • Akkrum JO17-1
  • Kollum JO17-1
  • Dokkum JO17-1
  • Overzwaluwen JO17-1
  • Oudehaske JO17-1

SDS JO19-1

De jeugd fan SDS JO19-1 slút it seizoen ek ôf yn Aldehaske. Sy dogge dêr moarn mei oan in toernoai en stride om de Nannewiid-cup. Dit begjint om 13.00 oere en duorret oant in oer as 16.00 oere. Dizze teams dogge allegear mei:

  • DWP JO19-1
  • sc Joure JO19-1
  • Irnsum JO19-1
  • Heerenveens Boys JO19-1
  • Mildam JO19-1
  • Veenwouden/Zwaagwesteinde JO19-1
  • SDS JO19-1
  • Oudehaske JO19-1

Harsens derby (2171)

Dit wurdt elkenien moarn ek leard fansels.