SDS-League: Thys Bruinsma wint mei ‘Hatseflatse’ de titel!

Slotdei tige slagge!
30 mei 2023
Weppers tongersdei 1-6-2023
1 juni 2023

It bleaun spannend oan de lêste dei fan de kompetysje, mar úteinlik bliuwt it sa as it wie. Thys Bruinsma bliuwt koprinner en pakt mei ‘Hatseflatse’ de titel.

Rick Hendrik hie mei ‘Another Rick in the Wall’ noch hoop om yn de lêste wike oer Thys hinne te gean, mar komt krekt 7 puntsjes tekoart.

‘Happy Feet’ fan Emke & Habtamu de Hoop docht noch knappe saken yn de lêste wike. It pakt de wykpriis en wurdt noch knap 3e.

Seriette Strikwerda is mei ‘Dapp’re Strijders’ op ‘e nij de bêste frou yn it klassemint en wurdt 4e.

Jaaps ‘Torpedo Toering’ Treft it net. Wiken stie hy boppe-yn, mar nei 3 minne wiken is hy sels bûten de top 10 fallen en wurdt hy 12e.
Bale fansels, mar it wichtigste is fansels dat hy dik boppe ‘Aan de kant ik moet naar’t stadion!’ fan Sjoerd van Beem eindige is (30e).

Okke van der Kamp pakt op ‘e nij de poedelpriis mei ‘Brekken Boys’.

 

SDS League 2022-2023 twadde helte wike 14 eindstand